Singer Laren is in museum en teäter yn Laren. Se binne de erfenis fan de Amerikaanske keunstsamler William Singer (1868-1943).

Skiednis thumb|left|200px|Singer Teäter thumb|left|200px|Singer Museum William Singer wie in soan fan in stielmiljonêr út Pittsburgh. Tegearre mei syn oare helte Anna Spencer Brugh reizge er troch Jeropa. Yn 1901 sette er him nei wenjen yn in de keunstnerskoloanje Laren. Dêr lieten se yn 1911 filla De Wilde Zwanen sette, part fan it hjoeddeiske Singer Laren.

Nei it fertsjerren fan William yn 1943 brocht Anna Singer de kolleksje yn in stichting ûnder ta oantins fan har man. Om de waaksjende samling foar it publyk tagonklik te meitsjen waard de filla yn 1953-1956 útwreide mei in konsertseal en in museumfleugel, ûntwurpen troch de Larenske arsjitekt Wouter Hamdorff.

De fêste samling fan it Singer Museum, de Singer Kolleksje, hat ûnder mear wurk fan Albert Neuhuys, Bart van der Leck, Eddy Roos, William Singer, Hein Kever, Evert Pieters, Ferdinand Hart Nibbrig, Lou Loeber, Chris Beekman, Gustave De Smet, Auguste Rodin en Jan Sluijters. It Singer Museum organisearret teffens alle jierren in tal spesjale tentoanstellings.

Anna Singer wie in entûsjaste pianiste, dêrom liet se yn 1956 in konsertseal bouwe oan de filla 'De Wilde Zwanen'. It Singer teäter ferfolde in unike rol by it opkommen fan de telefyzje yn Nederlân, mei pioniers as Willem Duys en Mies Bouwman. Rechtstreeks vanuit de Singer Concertzaal….. kamen mear as 3000 bekende programma’s. It ynearsten as konsertseal ornearre teäter is yn de rin fan de jierren útwaakst ta in teäter mei in folweardige teäterprogrammearring mei in protte bekende toanielspilers, kabaretiers en musisy. De teäterseal is yn 2000 folslein oanpast oan moderne easken en techniken.

Singer Priis Yn 1968 werd de Singer Prijs ynsteld, in keunstnerspriis dy't om 'e twa jier útrikt wudrt. De priis omfettet de winning fan in keunstwurk en in tentoanstelling yn it museum. Singer Prijs, Dutch Heights

Winners: 2024: Levi van Veluw 2022: Klaas Gubbels 2020: Pépé Grégoire 2018: Piet Oudolf 2013: Caspar Berger 2011: Dorothé van Driel 2009: Maria Roosen 2007: Gerald van der Kaap 2001: Hans van Hoek 1997: Fioen Blaisse 1991: Marian Plug 1985: Constant Nieuwenhuys 1980: Charlotte van Pallandt 1971: M.C. Escher

Kategory:Museum yn Noard-Hollân Kategory:Gemeentlik monumint yn Noard-Hollân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1943 Kategory:Bouwurk út 1911 Kategory:Bouwurk út 1956 Kategory:Keunstmuseum