De Petrustsjerke is de tsjerke fan 'e Herfoarme gemeente fan Twizel yn 'e PKN-tsjerke.

Skiednis thumb|left|Tekening fan de tsjerke neffens Stellingwerf De tsjintwurdige Petrustsjerke mei in trijesidich koer datearret út 1692 en ferfong eartiids in âlder gebou út de 13e iuw. De diels noch út dowestien besteande toer is âlder en 13e iuwsk. De toer is yn 1787 foar in part op 'e nij boud en krige doe yn stee fan in spits in sealtek.Alle Middeleeuwse Kerken, Peter Karstkarel ISBN 978 90 330 0558 9 Oan 'e eastlike kant fan 'e toer is te sjen dat it dak fan 'e tsjerke ea heger west hat. Om 'e kosten fan 'e ferwaarming leech te hâlden krige de noarlike muorre gjin ramen.

Yn 'e midsiuwen foel Twizel ûnder de parochy fan Stynsgea. Troch in beskriuwing oer abt Sierd fan Hallum út 1245 is it bekend dat de tsjerke yn 'e katolike tiid oan Petrus wijd wie.

De tsjerke stiet op in fjouwer oant fiif meter hege terp út de tiid fan foar it kristenjen en hat eartiids in plak west dêr't heidenske riten útfierd waarden. Ut dy tiid stamt in balstien by de opgong fan 'e terp mei in ynbeitele krús. It wie doedestiids wênst om heidenske plakken fan krusen te foarsjen om it kristenjen fêst te lizzen.Frysk Deiblêd

Ynterieur Yn 'e tsjerke stiet in 18e iuwske preekstoel, dy't foar 1925 fan 'e súdlike muorre nei it koer fan 'e tsjerke ferhûze. Ek yn 1925 waard de glês-yn-leadramen yn art deco styl ynbrocht. De saneamde Kloostermanbank foaroan yn 'e tsjerke datearret út de 18e iuw. Yn 'e muorre fan it koer binne twa sarken ynmitsele; mear sarken lizze ûnder de flier.Frysk Deiblêd

It ynterieur waard yn 2014 restaurearre. Oargel It oargel op 'e westlike galerij fan de Petrustsjerke waard yn 1905 boud troch de Ljouwerter oargelfirma Bakker & Timmenga.Orgelsite

Keppeling om utens Disposysje fan it oargel

Kategory:Twizel Kategory:Tsjerkegebou yn Achtkarspelen Kategory:Ryksmonumint yn Achtkarspelen Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 1692 Kategory:Bouwurk út 1692 Kategory:Bouwurk út 1787 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân