De Rehobothtsjerke is de tsjerke fan 'e Frije Grifformearde gemeente yn Twizel. De gemeente is in selsstannige gemeente en fierder net oansletten by in grutter ferbân. De Rehobothtsjerke is mei 450 sitplakken de grutste tsjerke fan Twizel en tagelyk de lytste fan 'e twa grifformearde gemeenten, dy't Twizel noch ryk is. Njonken de Rehobothtsjerke is der noch in synodale (tsjintwurdich protestanske) tsjerke. De Grifformeard-frijmakke-gemeente hat syn tsjerke yn Twizel yn 2023 sletten.Frysk Deiblêd: Twijzel neemt zaterdag afscheid van haar kerkgebouw, 5 jannewaris 2023

Sawol it eksterieur as it kleurrike ynterieur fertoant grutte oerienkomsten mei de grifformearde BOAZ-tsjerke oan 'e Kosterijwei yn it Grinslânske Westeremden, dy't ek troch de Bedumer arsjitekt Albert Wiersema ûntwurpen is.Stifting Alde Grinslânske Tsjerken, 10 juny 2015

Skiednis thumb|left|Foargevel De ekspressionistyske tsjerke waard yn 1934 as Grifformearde tsjerke boud nei 't de âlde Grifformearde tsjerke op 7 febrewaris 1934 folslein ôfbaarnde.Kerk en Orgel Foar de nijbou waard yn oktober 1934 de earste stien lein troch dûmny H.J. ten Brink.

Yn 1945 gyng de tsjerke oer op de Grifformeard-frijmakke gemeente, nei't de dûmny en in mearderheid fan 'e tsjerkeried mei de frijmakking mei gie. In nije skuorring troch in skeel oer de wize fan preekjen fûn plak yn 1967. Doe ûntstie de Frije Grifformearde gemeente.Refoarmatoarysk Deiblêd, 26 july 2001

De tsjerke biedt plak oan likernôch 450 minsken, mar de lytse gemeente makket foar de tsjerketsjinsten gebrûk fan it achterste diel fan it gebou.reliwiki.nl

Oargel It oargel komt oarspronklik út de Grifformearde tsjerke fan Rinsumageast en waard yn 1913 troch Mart Vermeulen út Woerden boud. Nei it foltôgjen fan 'e nije tsjerke ferhûze de firma Valckx & Van Kouteren it ynstrumint yn 1937 nei de Rehobothtsjerke.Kerk en Orgel

Keppeling om utens Disposysje fan it oargel

Kategory:Twizel Kategory:Tsjerkegebou yn Achtkarspelen Kategory:Bouwurk út 1934 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân