De Jehannestsjerke is ien fan de twa tsjerken fan de Protestanske Tsjerke fan Feanwâlden en Feanwâldsterwâl. De oare tsjerke is de eardere grifformearde Swettetsjerke. De Jehannestsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis thumb|left|Oargel en preekstoel De tsjintwurdige Jehannestsjerke stiet op it plak fan de midsiuwske tsjerke fan Jehanneswâld. Oan de ankers oan de muorre fan de sealtektoer is op te meitsjen dat de sealtsjerke yn 1648 foar it earst brûkt waard. Feanwâlden ûntstie troch de gearfoeging fan de doarpen Eslawâld en Jehanneswâld. Beide doarpen wiene tsjerkedoarpken, mar wylst fan de tsjerke fan Jehanneswâld fierder net in soad bekend is, waard it âlde tsjerkhôf fan Eslawâld westlik fan it hjoeddeiske Feanwâlden noch oant de 19e iuw brûkt. Kerkplein Veenwouden

De tsjerke waard yn 2004 restaurearre. Sûnt wurdt de eardere herfoarme tsjerke "Jehannestsjerke" neamd.Frysk Deiblêd Ynterieur De preekstoel en it doopfont binne 17e iuwsk. Twa kroanluchters datearje út de 18e iuw, wylst de fjouwer tekstbuorden 17e iuwsk binne.Reliwiki

Yn de toer hinget in klok fan J. Crans út 1715. Oargel It ienmanualige oargel waard yn 1890 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud. Keppeling om utens Disposysje oargel

Kategory:Feanwâlden Kategory:Tsjerkegebou yn Dantumadiel Kategory:Ryksmonumint yn Dantumadiel Kategory:Bouwurk út 1648