Leopold ("Leo") de Hartogh (Rotterdam, 2 juny 1916 – De Haach, 5 oktober 2007) wie in Nederlânsk akteur.
Leo de Hartogh kaam nei de HBS by it selskip fan Cor van der Lugt Melsert. Hy waard tige bekend troch syn rol yn de film Jonge harten (1936), dêr't er neist Rini Otte de haadrol yn spilie.
Hy wie boaske oan de aktrise Teddy Schaank. Linda van Dyck is harren dochter. Leo de Hartogh stoar op 5 oktober 2007 yn de âldens fan 91 jier.Acteur Leo de Hartogh (91) overleden - De Telegraaf, 11 oktober 2007 (Internet Archive)
Filmografy Meneer Klomp (1978) as Gerard Klomp De receptie (1974, telefyzje) Een mens van goede wil (1973, telefyzjerige) as Nonkel Dolf Lucelle (1968, tf.) as de Vader Carpony De Arme dieven (1966, tf.) as Soldaat Grimmins Kleren maken de man (1957) De man zonder hart (1937) Rubber (1936) as Loulou Jonge harten (1936) Zomerzotheid (1936)
Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Persoan berne yn 1916 Kategory:Persoan stoarn yn 2007