De Tsjerke fan de Ald Grifformearde Gemeente yn Feanwâlden stiet oan de Boargemaster Faberwei en waard yn 1920 boud.
Skiednis It tsjerkje waard yn 1920 boud foar de kristlik-grifformearde gemeente, mar in skeel soarge yn 1954 foar in skuorring yn de gemeente. Der ûntstiene dêrnei twa ferskillende gemeenten: in kristlik-grifformearde gemeente dy't harren tsjerke oan de Stasjonswei krigen en in âld-grifformearde gemeente dy't it tsjerkje oan de Boargemaster Faberwei hold.
It âld-grifformearde tsjerkje is de iennige tsjerke fan it tsjerkegenoatskip yn de trije noardlike provinsjes. De tsjerklike gemeenten dy't it measte tichteby lizze binne yn Rouveen en Urk.https://cip.nl/10512-de-enige-oud-geref-gem-van-friesland
Yn de tsjerke is plak foar likernôch 100 minsken.
Kategory:Feanwâlden Kategory:Tsjerkegebou yn Dantumadiel Kategory:Bouwurk út 1920