Jan Retèl (Bussum, 24 febrewaris 1918 - dêre, 17 augustus 1984) wie in Nederlânsk akteur en regisseur. Hy spile ûnder oaren njonken Teddy Schaank, Jan Teulings en Ine Veen yn de De Weg, in telefyzjerige fan Willy van Hemert, dy't yn 1983 útstjoerd waard troch de KRO.
Retèl waard yn 1972 troch Hans Croiset oanhelle om, mei in tal oare akteurs, de fêste kearn fan it Publieksteäter te foarmjen. Dy akteurs, ûnder oaren Max Croiset en Sigrid Koetse, kamen fan de Nederlandse Comedie.
Retèl boaske trijeris: fan 1942 oant 1946 mei de aktrise Rini Otte, fan 1948 oant 1954 mei de aktrise Elisabeth Andersen (offisjeel Anna Elisabeth de Bruijn, 1920-2018) en fan 1960 oant syn dea yn 1984 wie de aktrise Sigrid Koetse syn oare helte. Retèl is de heit fan ûnder oare de akteurs René Retèl en Sjoera Retèl.
Filmografy (in kar) 1938: Vadertje Langbeen - Frits Donkers 1940: Pinokkio - Jantje Fatsoen, (Nederlânske stim) 1948: Niet tevergeefs 1952: Het Zwarte goud- Stim 1957: Kleren maken de man 1958: Dorp aan de rivier - Thijs van Erpen 1961: De laatste passagier - Seeman 1967: Dood van een handelsreiziger 1968: Ritmeester Buat - Johan de Witt 1975: Keetje Tippel 1975/76: Van oude mensen, de dingen die voorbijgaan - Pauws 1979: Grijpstra en De Gier - Kommissaris 1979: Voorbij, voorbij - Cees 1981: Het meisje met het rode haar - Perfester 1981: De Fabriek - Dommering 1982: Armoede (film) - Evert Terlaet 1983: De Weg - Lex van Swaay
Harkspulakteur 1980: Verloving in de herfst - Bertold Kerz
Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk stimakteur Kategory:Nederlânsk harkspulakteur Kategory:Nederlânsk filmregisseur Kategory:Persoan berne yn 1918 Kategory:Persoan stoarn yn 1984