Suze Broks (Amsterdam, 10 augustus 1942 - dêre, 26 maaie 2017) wie in Nederlânske balletdûnseresse en aktrise.

Op har achtste (1950) gie Broks al op in klassike balletoplieding en makke se tagelyk har debút by it Scapino Ballet. As balletdûnseresse wie se yn de sechtiger jierren te sjen yn telefyzjeshows, lykas de Rudi Carrell Show. In tal jierren letter begûn se mei aktearjen. Yn 1973 wie har filmdebút yn Turks fruit, nei de roman fan Jan Wolkers. It telefyzjepublyk kaam mei har yn de kunde yn de jierren njoggentich mei de rollen fan Maartje van Doorn yn de komeedzjerige Oppassen!!! en fan Guusje van de Wetering yn de dramasearje Vrouwenvleugel.List fan teäterstikken mei Suze Broks

Broks stoar nei in lang siikbêd yn de âldens fan 74 jier.

Filmografy Baantjer (2002) - Muoike Cor Vrouwenvleugel (1995) - Guusje van de Wetering Een galerij (1994) Oppassen!!! (1994) - Maartje van Doorn Onderweg naar Morgen (1994) - Pasjinte Groeten uit Tirool (1994) Pleidooi (1994) - Freondinne fan Nevejan Medisch Centrum West (1992) - Anneke de Jong Een hoofdstuk apart (1990) - tsjinstfaam Zeg 'ns Aaa (1985), (1991) Privé voor twee (1988) - Truus Visser Honneponnetje (1988) Dossier Verhulst (1986) - Frou Visscher Maria (1986) - Wil Moord in extase (1984) - Muoike Stien Bassie & Adriaan: De Huilende Professor (1982) - Gûlende frou Uit de wereld van Guy de Maupassant (1977) - Prostituee Keetje Tippel (1975) Turks fruit (1973)

Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk dûnser Kategory:Persoan berne yn 1942 Kategory:Persoan stoarn yn 2017