Sportferiening Haulerwyk is in Fryske fuotbalferiening út Haulerwyk, dy't op 1 july 2015 ûntstien is út 'e fúzje fan Fuotbalferiening Haulerwyk en ZVV Haulerwykske Boys. De jongerein fan beide klups spilen sûnt it seizoen 1996/97 tegearre ûnder de namme HJC (Haulerwykster Jongerein Kombinaasje). De thúswedstriden wurde spile op Sportpark "De Hichte" oan de Scheidingsreed. It tenu fan de klup bestiet út in oranje shirt mei swarte skouders, in swarte broek en swarte sportsokken mei trije oranje streken.

Kategory:Haulerwyk Haulerwyk Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2015