De Slach om Arnhim wie in histoaryske slach yn de Twadde Wrâldkriich, dy't fan 17 oant 25 septimber 1944 yn en om de stêd Arnhim hinne plakfûn.

Doe't yn de simmer fan 1944 Frankryk en Belgje befrijd wienen, stienen de alliearden op it punt om it noch besette Nederlân binnen te fallen. Dat waard behindere troch flinke obstakels lykas de Westwall en de Ryn. Under oanfiering fan fjildmaarskalk Bernard Montgomery waard Operaasje Market Garden opsetten, mei as doel om dizze Dútske stellingen troch te brekken oer Arnhim. Parasjutisten waarden yn de omkriten dropt om inkelde wichtige brêgen oer te nimmen en fêst te hâlden oant de grûntroepen dêr goed twa of trije dagen letter komme soenen.

Troch ûnferwachtse Dútske tsjinoanfallen slagge mar in lyts ploechje deryn de brêge by Arnhim te berikken; de measten waarden al bûten de stêd tsjinholden. Underwilens duorre de opkomst fan de grûntroepen nei it noarden ta ek langer, wêrtroch't nei fjouwer dagen de pear oerbleaune parasjutisten by de brêge gjin kant mear op koenen en op in plak sieten dêr't it likernôch ûnmooglik wie om fersterking te krijen. Nei njoggen dagen fjochtsjen moasten de alliearden harren weromlûke en dêrmei wie de operaasje mislearre.

Oer de Slach om Arnhim waard yn 1977 troch regisseur Richard Attenborough de ferneamde film A Bridge Too Far makke, mei yn 'e haadrollen û.m. Sean Connery, Edward Fox en Maximilian Schell.

Kategory:Militêr treffen yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Militêr treffen yn 1944 Kategory:Militêr treffen fan de Feriene Steaten Kategory:Militêr treffen fan it Feriene Keninkryk Kategory:Militêr treffen fan Kanada Kategory:Militêr treffen fan Poalen Kategory:Militêr treffen fan Nederlân Kategory:Militêr treffen fan Dútslân Kategory:Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Dútslân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Feriene Steaten yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Feriene Keninkryk yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Kanada yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Poalen yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Skiednis fan Gelderlân Kategory:Arnhim