J.J. (John James) Peereboom (Londen, 14 novimber 1924 – Amsterdam, 27 maart 2010Overlijdensbericht NRC Handelsblad 29 maart 2010, s. 1 en s. 10) wie in Nederlânsk sjoernalist en skriuwer. Hy wie ek anglist oan de Universiteit fan Amsterdam.

Peereboom hold fiif jier as korrespondint yn Parys ta en siet fan 1958 oant 1971 yn Londen. Peereboom waard bekend mei syn boekbesprekken en artikelen yn Het Parool, NRC Handelsblad (dêr't er goed fyftich jier oan ferbûn wie), Hollands Maandblad en Litterair Paspoort. Fierders skreau er twa bot priizge deiboeken, Ik ben niets veranderd (1978) en Vraag niet waarom (1988), dy't beide yn de rige Privé-domein ferskynden.

Wurk Ik ben niets veranderd (1978) De gravin van Loosdrecht, en andere verhalen (1979) Fielding practice (1984) Honkman's reizen (1985) Een man aan de deur (1987) Vraag niet waarom (1988) Andere mensen (1989) Links en rechts (1992)

Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk deiboekskriuwer Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk literatuerkritikus Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Persoan berne yn 1924 Kategory:Persoan stoarn yn 2010