Wopkje Hutting-Kooistra (Wergea, 10 juny 1924 – Ljouwert, 30 maaie 2017) wie in Fryske frou dy't yn 1941 de Alvestêdetocht op redens wûn.

Libben Hutting-Kooistra waard yn 1924 berne op in boerespultsje ûnder Wergea, dat út nei Warten. Se naam yn 1941 as sechstjinjierrich famke diel oan 'e Sânde Alvestêdetocht, dy't dat jiers ferriden waard op 6 febrewaris. Fan har mem mocht se eins net, mar har heit fûn it prachtich. Se foltôge de tocht yn in tiid fan alve oeren en njoggen minuten, wat achttjin minuten flugger wie as de twadde froulike dielnimmer dy't oer de streep kaam, har goede freondinne en doarpsgenoate Sjoerdtsje Faber.

Neffens harsels levere Hutting-Kooistra dy prestaasje op inkeld in grut board hjouwerflokken en in stik as wat brochjes mei tsiis, dy't se yn 'e bûsen hie. Moarns fytste se nei Ljouwert ta en jûns wer werom nei hûs, en de oare moarns om fiif oere siet se alwer ûnder de kij (te melken). Lykwols waard se net registrearre as winnaresse, om't der doedestiden gjin offisjeel wedstrydbelied foar froulju bestie.

Neitiid ried Hutting-Kooistra ek de Alvestêdetochten fan 1942, 1947 en 1954 út, sadat se yn totaal mar leafst fjouwer Alvestêdekrúskes sammele. Tegearre mei Faber sette Hutting-Kooistra har yn foar in offisjele wedstryd foar froulju dy't parallel oan dy foar de manlju plakfine moast. It duorre lykwols noch oant 1984 ear't dat formeel regele wie. Hutting-Kooistra kaam op 30 maaie 2017 yn Ljouwert te ferstjerren, tsien dagen foàr har 93e jierdei. Se hie sân bern en ferskate beppesizzers.

Maratonriders Jeen van den Berg en Jeen Nauta wiene neven fan Wopkje Hutting-Kooistra. Langebaanrider Jorrit Bergsma is in efterneef fan harres.Elfstedensite.nl

Kategory:Frysk reedrider Kategory:Alvestêdetochtrider Kategory:Frysk húsfrou Kategory:Persoan berne yn Wergea Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1924 Kategory:Persoan stoarn yn 2017