John Wijdenbosch (Paramaribo, 25 april 1973 – Lelystêd, 28 maaie 2017) wie in Nederlânsk akteur fan Surinaamsk komôf.

Wijdenbosch wie yn foarste plak beken fan syn rol as Bjorn yn de film en telefyzjerige Costa!. Earder wie er te sjen yn de rige Fort Alpha.

Op 28 maaie 2017 ferlear er it libben mei syn frou en dochter by in ferkearsûngemak op de autosnelwei A6 by Lelystêd, nei't er mei de auto yn 't wetter telâne kaam wie.[http://www.ad.nl/show/acteur-john-wijdenbosch-verongelukt-op-de-a6~ad21c199/ Acteur John Wijdenbosch verongelukt op de A6], Algemeen Dagblad, 29 maaie 2017

Filmografy Film Costa! (2001), as Björn Monte Carlo (2001), as Danny Schat Pipo en de P-P-Parelridder (2003), as Mik Pista! (2003), as Björn Foeksia de Miniheks (2010), as Werkman

Telefyzje Fort Alpha (1996), as Kelvin Krayenbink Bradaz (2001), as Ferdinand 'Ferdi' Wolter Costa! (2001-2005), as Björn Borgers Shouf Shouf! (2009), as Roy De Co-assistent (2009), as Stanley Zuidema Moordvrouw (2013), as diskoteekhâlder (seiz. 2 ôfl. 3, De bittere pil)

Nijsgjirrich John Wijdenbosch wie in neef fan de politikus Jules Wijdenbosch.

Kategory:Surinaamsk telefyzje-akteur Kategory:Surinaamsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Surinaamsk-Kreoalsk persoan Kategory:Persoan dy't omkommen is troch ferdrinking Kategory:Persoan dy't omkommen is by in ferkearsûngemak Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Kreoalsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1974 Kategory:Persoan stoarn yn 2017