De Herfoarme Kapel oan 'e Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp is de tsjerke fan 'e Hersteld Herfoarme gemeente.

Skiednis De kapel (yndertiid yn de folksmûle 'it lokaal' neamd) waard yn 1935 boud foar de rjochtsinnige Nederlânsk Herfoarme Evangelisaasjeferiening 'De Bibel', dy't op 9 febrewaris 1931 oprjochte wie. De boukosten wiene doe 5000 gûne, de bougrûn waard skonken. 'Het lokaal' in Hurdegaryp debuteert. Frysk Deiblêd, 4 july 2024 Yn 2005 hold de Herfoarme Evangelisaasjeferiening op te bestean.

Sûnt 2006 wurdt de tsjerke brûkt troch de doe oprjochte ynstituearre gemeente fan 'e Hersteld Herfoarme Tsjerke. De gemeente hie likernôch 100 leden yn 2006 Reliwiki en yn 2024 noch 57 leden.

Kategory:Hurdegaryp Kategory:Tsjerkegebou yn Tytsjerksteradiel Kategory:Bouwurk út 1935 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân