Frozen is in Amerikaanske romantyske fantasy-aventoerekomeedzjefilm út 2013 yn 'e foarm fan in lange kompjûteranimearre tekenfilmmusical. De film, de 53e jûnfoljende tekenfilm dy't makke waard troch de Walt Disney Animation Studios, stie ûnder rezjy fan Chris Buck en Jennifer Lee. De wichtichste rollen waarden ynsprutsen troch stimaktrises Kristen Bell en Idina Menzel. De titel betsjut "Beferzen". It ferhaal, dat ynspirearre is troch it mearke De Sniekeninginne, fan 'e Deenske skriuwer Hans Christian Andersen, giet oer in manmoedige jonge prinsesse dy't ûnferskrokken ôfset mei in fernimstige iishouwer, syn trouwe rindier en in naïve libbene snieman om har fan har ferfrjemde suster te finen dy't mei har boppenatuerlike izige krêften by fersin foar in ivige winter yn harren keninkryk soarge hat.
Frozen krige oer it algemien tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en woeks yn 'e bioskopen út ta de meast opbringende animaasjefilm aller tiden. De film waard bekroane mei twa Oscars, twa Golden Globes, twa Grammy Awards, in BAFTA, fiif Annie Awards en ferskate oare prizen. Troch it ûnbidige súkses waard Frozen it begjin fan in mediafranchise mei deselde namme. Yn 2019 kaam in ferfolchfilm út ûnder de namme Frozen II, nei't yn 2015 al de koarte film Frozen Fever ferskynd wie. Oer de produksje fan Frozen waard yn 2014 de dokumintêre The Story of Frozen: Making a Disney Animated Classic makke.
Plot De achtjierrige kroanprinsesse Elsa fan Arendelle besit in foarm fan magy dêr't se iis en snie mei kreëarje kin. Se brûkt har tsjoenderij gauris om har jongere suske Anna, mei wa't se trije jier skeelt, te fermeitsjen. Nei't Elsa op in kear by fersin Anna mei har magy ferwûnet, nimmen harren âldelju, de kening en keninginne fan Arendelle, Elsa en de bewusteleaze Anna mei nei de trollen dy't yn 'e wyldernis fan it keninkryk libje. De lieder fan 'e trollen, Grand Pabbie ("pake"), genêst Anna fan 'e flits magy dy't har yn 'e holle rekke hat. Dêrby nimt er al har oantinkens oan 'e magy fuort en warskôget er Elsa dat se leare moat om har boppenatuerlike krêften te behearskjen. De behanneling lit in wite streek efter yn it reade hier fan Anna.
Ynstee dat se Elsa mei har magyske krêften oefenje litte op in plak dêr't se nimmen kweadwaan kin, is de oplossing dêr't de kening en keninginne mei komme om Elsa yn it keninklik kastiel te isolearjen fan 'e bûtenwrâld en har oan te trúnjen om har krêften hielendal te ûnderdrukken. Elsa, dy't sels alderraarst skrokken is fan wat Anna oerkaam, besiket har suske neitiid te beskermjen troch alle kontakt mei har ôf te kapjen. Anna, dy't gjin oantinken mear oan 'e magy of har ferwûning hat, en dy't mient dat se mei de wite streek yn har hier berne is, begrypt der neat fan en fielt har ôfwiisd. Underwilens docht bliken dat de magyske krêften har net maklik ûnderdrukke litte, wat Elsa almar ûnwisser fan harsels makket. As Elsa tolve jier is en Anna njoggen, komme de kening en keninginne op in reis om as harren skip yn in stoarm te sink giet, sadat de beide famkes isolearre faninoar efterbliuwe. Meitiid reitsje se folslein faninoar ferfrjemde.
As Elsa ienentweintich jier en dêrmei mearderjierrich wurdt, sil har kroaning ta regearjend keninginne fan Arendelle plakfine. Se kin der net foarwei om dêrfoar yn it iepenbier te ferskinen, mar se is deabenaud dat har krêften har de baas wurde sille en dat se har ûnderdienen wat misdwaan sil. Dy gefoelens boazje noch oan troch de bykommende eangst foar hoe't har ûnderdienen har sjen sille as se har skriklike geheim ûntdekke. Underwilens sjocht de achttjinjierrige Anna mei langst út nei de kroaning, mei't dy deis foar de earste kear sûnt se har yntinke kin de poarten fan it keninklik kastiel iepensmiten wurde sille om gasten ta te litten.
Ta Elsa har ûnbidige opluchting ferrint de kroaning, wêrfoar't se har wantsjes útdwaan moat, sûnder swierrichheden. (De wantsjes, dy't se al draacht sûnt se trettjin jier earder Anna ferwûne, hâlde har magy net tsjin, mar binne in wurksum helpmiddel foar har om't se leaut dat se har helpe om 'e magy te ûnderdrukken.) Under de besykjende pommeranten dy't oanwêzich binne by de op 'e kroaning folgjende fiering, binne ferskate fertsjintwurdigers fan befreone lannen, ûnder wa de yntrigearjende hartoch fan Weselton en de knappe prins Hans fan 'e Sudereilannen. As Anna prins Hans moetet, is it foar har leafde op it earste gesicht, en se rekket smoarfereale. Hans beäntwurdet har gefoelens en freget har dyselde jûns noch om mei him te trouwen, dêr't se fuortendaliks har tawurd op jout.
As Anna har oansteande brêgeman oan Elsa foarstelt, heart dy raar op fan 'e plannen fan har suster. Se besiket Elsa dúdlik te meitsjen dat der fan in houlik gjin sprake wêze kin, om't se Hans noch mar in pear oeren ken. Anna is it dêr net mei iens en de beide susters reitsje midden yn 'e balseal behelle yn in heechoprinnende rûzje. As Elsa har omdraait om fuort te rinnen, pakt Anna har by de hân en skuort dêrmei ien fan har wantsjes út. Elsa, dy't dat oer it mad komt en der kjel fan wurdt, ferliest de behearsking oer har krêften en befriest by fersin in grut part fan 'e flier fan 'e balseal.
Ferfolle fan ôfgriis flechtet se nei bûten ta, efterfolge troch de ferbjustere Anna en de hartoch fan Weselton, dy't har útmakket foar in meunster. Dat makket dat Elsa op 'e nij har behearsking ferliest en de fonteinen op it binnenplak befriest. As se sjocht dat it miene folk, dat op in binnenplak gearkommen wie om feest te fieren, har mei eangst besjocht, flechtet se fuort oer it wetter fan 'e fjord, dat se foar har út befriest. Oare kant de fjord tsjocht Elsa de bergen yn, dêr't se op 'e Noarderberch, de heechste top yn 'e wide omtrek, in paleis fan iis foar harsels bout. Se is fan doel om dêr yn 'e wyldernis, dêr't se einlings frij wêze kin en net mear benaud hoecht te wêzen, as klúzneresse te libjen. Wat se net trochhat, is dat by it bouwen fan har paleis har magy hiele Arendelle oerweldiget en it keninkryk finzenset yn in ivige winter.
Werom yn it paleis beslút Anna dat alles dat misrûn is, har skuld is. It is dêrom ek har taak om derfoar te soargjen dat Elsa weromkomt en de winter beëinige wurdt. Om't se der wis fan is dat Elsa nimmen oars fertrouwe sil, set se op eigen manneboet ôf de bergen yn, en jout se prins Hans yn har ôfwêzigens de lieding oer Arendelle. Yn 'e bergen giet har hynder op 'e rin by it hearren fan it spûkgûlen fan wolven, en Anna wurdt út it seal smiten en bliuwt lykme-allinne efter. Ferdwaald yn 'e kjeld en it tsjuster berikt se úteinlik de hannelspost (en sauna) fan Oaken, dêr't se de iishouwer Kristoff en syn rindier Sven moetet.
Kristoff is opgroeid as wees dy't inkeld Sven as freon hie. As achtjierrich jonkje krúste er it paad fan 'e wylde rit fan 'e kening en keninginne nei de trollen ta; hy folge harren en wie tsjûge fan 'e genêzing fan 'e lytse Anna troch Grand Pabbie. Hy en Sven waarden dêrby opmurken en adoptearre troch de froulike trol Bulda. Kristoff is it wend om hiele petearen mei Sven te fieren, wêrby't er sawol syn eigen wurden seit as dat er dy fan Sven (yn in 'rindiereftige' stim) uteret. It winterwaar is him tige min nei 't sin, mei't er syn jild fertsjinnet mei it ferkeapjen fan iisblokken om itenswaren mei koel te hâlden. Yn dizze kjeld hat nimmen dêr ferlet fan. Anna, dy't sa njonkelytsen foar it ferstân krigen hat dat se it allinne net oprêde sil, bepraat him om har te helpen by it finen fan har suster.
Underweis nei de Noarderberch wurde Kristoff en Anna oanfallen troch wolven, en as gefolch dêrfan rekket de moaie belslide fan Kristoff, dêr't er sa grutsk op is, folslein fernield. Oan 'e foet fan 'e berch treffe se Olaf, in fleurige snieman, dy't sûnder erch troch Elsa ta libben brocht is. Hy biedt oan om Anna, Kristoff en Sven nei Elsa ta te lieden. Underwilens keart it hynder fan Anna allinnich werom yn Arendelle. Prins Hans set dêrop sels ek ôf de bergen yn om Anna en Elsa te finen, mei by in groep frijwilligers. De hartoch fan Weselton stjoert syn beide liifwachten mei, en jout harren temûk opdracht om Elsa te deadzjen.
As Anna-en-dy it iispaleis berikke, seit Elsa tsjin Anna dat se har gewurde litte moat. Anna kin yn har plak wol keninginne fan Arendelle wurde, en sy (Elsa) kin dan hjir yn 'e bergen bliuwe. Dat is feiliger foar eltsenien. Anna fertelt har lykwols fan 'e ivige winter dy't Elsa by fersin oer it keninkryk ôfroppen hat, en freget har suster om dat 'gewoan' ûngedien te meitsjen. Elsa, lykwols, hat gjin idee hoe't dat moat: se kin inkeld iis en snie oproppe, mar net ferdwine litte. Se rekket oerstjoer, hellet út mei har magy en ferwûnet Anna op 'e nij, sûnder dat se it sels merkt, diskear net yn 'e holle mar yn it hert. Se makket in reuseftich sniemeunster dat Anna, Kristoff, Sven en Olaf fuortjaget. Neitiid wurdt Anna har hier stadichoan hielendal wyt en begjint se har by riten swak te fielen, dat Kristoff nimt har mei nei de trollen, dy't fuortendaliks it plan opfetsje om Kristoff en Anna oaninoar te keppeljen. Grand Pabbie stelt fêst dat troch Elsa har úthaal fan magy Anna har hert beferzen rekket. Dy flok kin inkeld tsjinholden wurde troch in die fan wiere leafde.
Underwilens berikke prins Hans en syn mannen it iispaleis, dêr't se yn in gefjocht it sniemeunster ferslane. De liifwachten fan 'e hartoch fan Weselton kringe it paleis yn en besykje Elsa te deadzjen, mar hja brûkt har magy om harren oermânsk te wurden. Se driuwe har ta it uterste en Elsa stiet op it punt om harren te deadzjen as Hans har tsjinhâldt. In grou stik iis komt op har del en se rekket bewusteleas.
Kristoff bringt Anna werom nei it keninklik kastiel, dêr't Hans, dy't fan har hâldt, har it libben rêde kin mei in tút as teken fan wiere leafde. As Hans weromkeart fan syn ekspedysje yn 'e bergen, en freget om mei Anna allinne litten te wurden, wegeret er har lykwols te tútsjen. Hy fertelt Anna gnyskjend dat er hielendal gjin gefoelens foar har hat, en dat er inkeld mei har trouwe woe om 'e troan fan Arendelle te besetten. Syn plan wie om mei Anna te trouwen om't Elsa net benei te kommen wie, en dan in ûngelok foar Elsa te beävensearjen, sadat Anna keninginne wurde soe, wêrnei't er ek Anna út 'e wei romje soe. Mar troch de omstannichheden sa't se binne, sjocht er no syn kâns skoan om yn ien kear mei sawol Anna as Elsa ôf te weven. Hy dwêstget it hurdfjoer yn 'e keamer om it kâlder te meitsjen, sadat Anna har hert flugger befrieze sil, en lit har dan allinnich en docht de doar op 't slot. Neitiid fertelt er it tsjinstfolk en de oare besykjende pommeranten dat Anna al beswykt is, mar dat se noch krekt genôch tiid hiene om mei inoar te trouwen (wat him har erfgenamt makket). Syn earste die as kening fan Arendelle is om it 'meunster' Elsa ta de deastraf te feroardieljen.
Yn 'e tuskentiid is Elsa wekker wurden yn 'e tsjerker fan it keninklik kastiel, mei grutte izerne moffen oan 'e hannen dy't har magyske krêften ûnderdrukke moatte. It metaal kin lykwols net op tsjin 'e krêft fan 'e winter, en as prins Hans mei syn trewanten yn 'e tsjerker arrivearret om 'e deastraf útfiere te litten, ûntdekt er dat Elsa ûntsnapt is. Underwilens binne Kristoff en Sven wer ûnderweis nei de bergen, mar it rindier is it dúdlik net iens mei de gong fan saken. Kristoff besiket him út te lizzen dat Hans en Anna foarinoar bestimd binne, en dat syn eigen gefoelens foar de prinsesse der net ta dogge, mar as er sjocht dat him boppe it kastiel in wiere sniestoarm foarmet, ferjit er al syn rasjonalisearrings om op 'e rêch fan Sven te springen en fjouwerjendewei de berch del te gean om Anna te rêden.