De Hoekstien is de eardere grifformearde en tsjintwurdige PKN-tsjerke fan de protestantske gemeente Mariëngaarde yn Hallum.
Skiednis De tsjerke waard oan it begjin fan de 20e iuw boud foar de grifformearde tsjerke fan Hallum neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Tjeerd Kuipers. Mei de fúzje fan de grifformearde tsjerke en de herfoarme tsjerke gie it gebou oer oan de nij stifte protestantske gemeente Mariëngaarde, dy't yn Hallum no twa tsjerken yn gebrûk hat.
Yn jannewaris 2009 waard it âlde meubilêr út de tsjerke weibrutsen en waard de tsjerke op 'en nij ynrjochte.Frysk Deiblêd
Oargel It oargel fan De Hoekstien waard yn 1926 boud troch de Ljouwerter oargelmakkerij Bakker & Timmenga.Orgelsite
Keppeling om utens Disposysje oargel
Kategory:Hallum Kategory:Tsjerkegebou yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1912 Kategory:Tsjerkegebou yn Ferwerderadiel