It Nederlânske ministearje fan Definsje, ôfkoarte ta Def, is ferantwurdlik foar it beskermjen fan Nederlân en de oerseeske gebietsdielen en foar de dêr ta beskikbere personele, finansjele en materiële middels. It ministearje wurdt laat troch de minister fan Definsje. Definsje hie yn 2023 likernôch 70.000 meiwurkers en is dêrmei ien fan 'e gruttere wurkjouwers yn Nederlân. By de Bestjoersstêf, oan it Plein 4 yn De Haach, urkje likernôch 3.500 boargers en militêren.

Politike lieding Alle politike ferantwurdlikens lizze by de minister. Sûnt 5 novimber 2012, doe't it kabinet-Rutte II beëdige waard, waard dat Jeanine Hennis-Plasschaert (VVD). Hja wie de earste froulike minister fan Definsje fan Nederlân. Sûnt it kabinet-Rutte III foarme waard, waard Ank Bijleveld (CDA) minister en Barbara Visser (VVD) steatssikretaris.

Yn it kabinet-Rutte IV wie Kajsa Ollongren (D66) minister fan Definsje en Christophe van der Maat (VVD) steatssekretaris.

Yn it kabinet-Schoof is Ruben Brekelmans ((VVD) de minister en Gijs Tuinman (BBB) de steatssekretaris.

Keppeling om utens Ministearje fan Definsje

Definsje Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1928