It Nederlânske ministearje fan Binnenlânske Saken (of Ynlânske Saken) en Keninkryksrelaasjes, ôfkoarte ta BZK (Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties, is de opfolger fan it eardere ministearje fan Binnenlânske Saken (ôfkoarte ta BiZa). It taheaksel 'Keninkryksrelaasjes' hat te krijen mei de oerseeske ryksdielen Arûba, Kurasau en Sint-Marten, dy't foar 1998 ûnder it Kabinet foar Nederlânsk-Antiljaanske en Arûbaanske Saken foelen.
Politike lieding Yn it kabinet-Rutte III wie Kajsa Ollongren (D66) de minister en Raymond Knops (CDA) de steatssikretaris.
Yn it kabinet-Rutte IV wie Hugo de Jonge (CDA) de minister (wie minister sûnder portefúlje foar folkshúsfesting en romtlike oardering) (minister wie Hanke Bruins Slot, CDA) en Alexandra van Huffelen (D66) de steatssekretaris.
Yn it kabinet-Schoof is Judith Uitermark (NSC) de minister van Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. Zsolt Szabó is de steatssekretaris dy't ferantwurdlik oer Keninkryksrelaasjees en Digitalisearring is. Eddie van Marum is de steatssekretaris dy't ferantwurdlik oer it ophelpen fan Grinslân (Herstel Groningen) is.
De heechste amtner (sekretaris-generaal) is Vincent Roozen.
Kearntaken De wichtichste taken fan it ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes binne: It ynstean foar de demokratyske rjochtssteat De soarch foar in goed wurkjend iepenbier bestjoer It ynstean foar de kwaliteit fan meiwurkers en bestjoerders yn 'e rykstsjinst It bewaken fan 'e Grûnwet It koördinearjen fan 'e gearwurkingsrelaasje mei Arûba, Kurasau en Sint-Marten De soarch foar it konstitúsjonele steatsrjochtlike bestel It slagjen fan partisipaasje en yntegraasje fan nije ynwenners Gruttestêdebelied en befolkingskrimp Wenningmerk (keap- en hiersektor, wêrûnder wenningkorporaasjes) Hierbelied/hiertaslach Boubelied Rýksûnderkommen
Keppeling om utens Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes
Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1798