It Nederlânske ministearje fan Algemiene Saken, ôfkoarte ta AZ (Algemene Zaken), is it ministearje fan 'e minister-presidint fan Nederlân. It is mei likernôch 400 meiwurkers fierwei it lytste ministearje.

Politike lieding Sûnt syn oantreden yn 2024 is Dick Schoof minister-presidint en jout er dus lieding oan it ministearje fan Algemiene Saken.

Amtlike lieding Amtlik lieder (sikretaris-generaal) wie Paul Huijts en is sûnt 2020 Gert-Jan Buitendijk.

Taken De wichtichste taken binne it stypjen fan 'e minister-presidint by de koördinaasje fan it algemiene regearbelied en wurdfiering dêroer, mar ek de koördinaasje fan it algemiene kommunikaasjebelied.

Ta it ministearje fan Algemiene Saken hearre ûnder oare it kabinet fan 'e minister-presidint, de Ryksfoarljochtingstsjinst (RVD) en de Tsjinst Publyk en Kommunikaasje. Dêrneist regelt it ministearje saken foar it buro fan 'e Wittenskiplike Rie foar it Regearbelied (WRR) en de Kommisje fan Tafersjoch op de Ynljochtings- en Feiligenstsjinsten, en is it ferantwurdlik foar it kabinet fan de Kening.

Tusken 1945 en 1947 wie der gjin ministearje fan Algemiene Saken. De minister-presidint liede doe it ministearje fan Algemiene Kriichsfiering fan it Keninkryk, in yn 1942 yn Londen ynsteld departemint. Minister-presidint Louis Beel hefte dat ministearje yn 1946 op en waard minister fan Binnenlânske Saken. Doe't dúdlik waard dat de kombinaasje te swier wie, kaam yn 1947 it ministearje fan Algemiene Saken dochs werom.

Keppeling om utens Ministearje fan Algemiene Saken

Algemiene Saken Kategory:Binnenhôf Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1937