Ybe van der Wielen (Greeley, Kolorado, 26 april 1913 - Swol, 4 oktober 1999) wie in Nederlânsk byldhouwer en keunstskilder.

Van der Wielen wie in soan fan Jarich van der Wielen en waard grutbrocht yn Fryslân. Hy folge in oplieding oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam (1942-1947), dêr't er learling wie fan Jan Bronner. Ek studearre er by Frits van Hall en Jos Rovers. Yn 1951 festige er him yn Swol. Earder wurke er ek yn Bakkefean ûnder lieding fan de Fryske skilder Andries van der Sloot.

Hy wurke ynearsten figuratyf, mar sloech ein fyftiger jierren in mear abstrakte rjochting yn. Yn syn lettere wurk waarden geometryske foarmen wichtich; hy makke ferskate komposysjes mei ûnder mear fjouwerkanten en rjochthoeken.

Van der Wielen wie lid fan it Boun fan Fryske keunstners.

Galery In kar út syn wurk:

Literatuer (2006) Ybe van der Wielen, beeldhouwer. Bloemendaal: Van der Wielen.

Kategory:Amerikaansk byldhouwer Kategory:Amerikaansk keunstskilder Kategory:Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk persoan fan Amerikaansk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk persoan fan Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 1999