Taco Bell is in Amerikaansk keatling fan fastfoodrestaurants mei Teksaansk-Meksikaansk iten lykas tako's, burrito's, kesadilla's en nacho's. Taco Bell hat mei syn 7.000 restaurants mear as twa miljard klanten per jier.

It bedriuw waard yn 1962 oprjochte troch Glen Bell en hat syn haadkantoar yn de Kalifornyske stêd Irvine.

Op 4 april 2017 iepene de earste Nederlânske fêstiging fan Taco Bell har doarren yn Eindhoven.

Keppeling om utens Offisjele Nederlânske webside

Kategory:Amerikaansk fastfoodrestaurant Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1962