Ronald Hans Anton Plasterk (De Haach, 12 april 1957) is in Nederlânsk politikus, wittenskipper en ûndernimmer. Fan 5 novimber 2012 oant 26 oktober 2017 wie er PvdA-minister fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes yn it kabinet-Rutte II. Plasterk hat biology studearre, is dêryn promovearre en hat him spesjalisearre yn de molekulêre genetika.
Fan jannewaris 2019 ôf is er CEO en oprjochter fan Frame Therapeutics. Njonken syn wurk by Frame is er sûnt septimber 2018 heechlearaar Novel strategies for access to therapeutics oan de Universiteit fan Amsterdam.
Kategory:PvdA-politikus Kategory:Nederlânsk mikrobiolooch Kategory:Nederlânsk genetikus Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk gemeenteriedslid Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk minister fan Underwiis Kategory:Nederlânsk minister fan Binnenlânske Saken Kategory:Nederlânsk minister fan Keninkryksrelaasjes Kategory:Nederlânsk ateïst Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1957