Earste Wrâldkriich240px|Kaart Dielnimmende lannen. De alliearden yn it blau, de sintralen yn it swart.240px|Kaart Detailkaart fan Jeropa. De alliearden yn it grien, de sintrale mogendheden yn it roze en de neutrale lannen yn it giel. Datum 1914-1918 Stee WrâldwiidOanliedings Frânske wrok nei de ferlerne Frânsk-Dútske Kriich en it dêrby hearrende ferlies fan Elzas-Lotharingen. Ferdraggen dy’t in ‘sniebaleffekt’ feroarsaken. De moardoanslach op de Eastenrykske kroanprins Frans Ferdinand. Machtsferhâldings Wichtichste Alliearden

left|24px Britske Ryk left|24px Frankryk left|24px Itaalje (1915–18) left|24px Russyske Ryk (1914–17) left|24px Feriene Steaten (1917–18) Militêre Slachtoffers: 5 miljoen Sintralen

left|24px Bulgarije (1915–18) left|24px Dútske Keizerryk left|24px Eastenryk-Hongarije left|24px Ottomaanske Ryk Militêre Slachtoffers: 4-9 miljoen Gefolgen Oerwinning fan de Alliearden. Eastenryk-Hongarije, Dútslân, Ruslân en it Ottomaanske Ryk, dy’t in monargy hienen, waarden republiken. Eastenryk-Hongarije en it Osmaanske Ryk foelen útinoar, sa ûntstienen der nije steaten yn East-Jeropa en it Midden-Easten. Ruslân en Dútslân ferlearen ek grûngebiet, ûnder mear t.b.f de nije steat Poalen. Oprjochting fan it Folkebûn. Yndirekt Utbrekken fan de Oktoberrevolúsje mei it ûntstean fan de Sovjet-Uny. It útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich Hjoeddeiske problemen yn it Midden-Easten. Hjoeddeiske problemen op de Balkan. De Earste Wrâldkriich (1914 - 1918) wie in kriich om it machtlykwicht yn hiel Jeropa. Sa'n 9 miljoen soldaten sneuvelen yn de striid en nochris 23 miljoen waarden ferwûne, wylst 5 miljoen boargers stoaren as gefolch fan militêre aksjes, honger en sykte. Miljoenen oaren stoaren as gefolch fan genoside, wylst de Spaanske gryppandemy fan 1918 slimmer waard troch de ferpleatsing fan militêren yn de oarloch.

Fronten De Earste Wrâldkriich waard útfochten op de fronten: De Balkan: Eastenryk-Hongarije tsjin Servje; Itaalje, Isonzo, Brennerpas: Dútslân en Eastenryk-Hongarije tsjin Italjaanske, Britske en Frânske ienheden; Palestina, Gaza, Syrje, Jeruzalem, Egypte, Suezkanaal: Turken tsjin Britske troepen; Mesopotaamje en de woastinen fan Irak en Araabje: hjir fochten Turkske ienheden tsjin Britske en Yndyske troepen ûnder lieding fan û.o. de legindaryske Lawrence of Arabia; It Eastfront: fan de Baltyske See (Estlân, Letlân, Poalen) ôf oant de Swarte See (Turkije) Dútslân-Eastenryk-Prusen-Hongarije tsjin Ruslân. Ruslân slút frede nei de Oktoberrevolúsje; Turkije, Dardanellen, skiereilân Gallipoli: Turken tsjin Austraaljers en Nij Seelanners tegearre mei Britske en in lytser tal Frânske troepen; De Dútske koloanjes yn Afrika (Tanzania, Rwanda en Boerûndy) wienen net by steat om folle ferset te bieden oan Frânske, Britske en Súd-Afrikaanske troepen; De Dútske gebieten yn Sina en de Grutte Oseaan waarden binnenfallen troch de Japanske, Britske en Australyske legers; Op see: de Kaiserliche Marine waard troch de Dútske keizer Willem II yn de havens holden, útsein fan de Slach by de Doggersbank yn 1915 en de Seeslach by Jutlân yn 1916. Nei de twadde seeslach jout Willem it befel ta weromlûken hoewol’t de Dútske ferliezen heal sa grut wiene as de Ingelske. Sadwaande joech hy de seehearskippij oan Grut-Brittanje. Wichtige details: Grut-Brittanje krige yn de oarloch in protte ekonomyske en humanitêre help út it neutrale USA. Nei ôfkundiging fan in 'folsleine' dûkboatoarloch troch Dútslân tsjin de fijân en de neutralen, en de ûndergong fan inkele Amerikaanske passazjiersskippen, waard ek de USA yn it konflikt belutsen op 6 april 1917. Pas in jier letter, yn de maaitiid fan 1918, kamen der werklik Amerikaanske troepen op Jeropeeske grûn. De grutte kanonnen út de Dútske oarlochsskippen waarden oerbrocht nei it westfront en de Belgyske kust. (>Domein Raversijde), dêr’t se betsjinne waarden troch Dútsers, dy’t op see nutteleas wurden wiene; It Westfront: fan Nieuwpoort yn Belgje oant Basel yn Switserlân: Grut-Brittanje, mei troepen út it hiele Gemienebest lykas Ierlân, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Pakistan, Yndia, Súd-Afrika, ensfh.; Frankryk oanfold mei troepen út Frânske koloanjes út Noard- en Midden-Afrika en Aazje; Belgje mei in oanfolling fan Kongoleeske soldaten, tsjin Dútslân-Eastenryk-Prusen.

It bekendste en wichtichste front rint fan de Belgyske dunen yn Nieuwpoort en De Panne oant de Frânsk-Switserske grins yn Bazel. De kuststreek waard ferdigene oan Belgyske side, fan Nieuwpoort fierder nei it suden by De Panne lâns oan de Frânske kusten ta. Oan Dútske side, fan Nieuwpoort nei it noarden oant Seelân en de Nederlânske grins ta. De Nederlânske grins wie fjider folslein ôfsletten mei ûnder stroom setten stikeltried oant yn de omkriten fan Venlo. Nederlân wie yn de oarloch neutraal en ûnbeset.

Skaaimerken Belangrike kenmerken fan dizze oarloch wienen: de rinfuorgenoarloch, wêrby’t stellings allinnich mei grutte ferliezen oan minskelibbens en materieel ferovere waarden. de ynset fan wapens dy’t de oarloch in nij oansjen jaan soene, lykas gemyske wapens, tanks, swiere houwitsers, en dûkboaten. it brûken fan fleantugen. Dêrby makke de ûnfrede ûnder de Dútsers oer de ôfrin fan de oarloch (twongen herstelbetellings en slimme beheining fan de legermacht) de aspiraasjes fan Adolf Hitler en syn nazipartij, wat úteinlik mei de oanlieding wie ta de Twadde Wrâldkriich.

Oarsaken De casus belli foar de oarloch wie de moard op Frans Ferdinand, troanopfolger fan Eastenryk-Hongarije, en syn frou Sophie Chotek yn Sarajevo troch de Servyske nasjonalist Gavrilo Princip. De wiere oarsaken leinen lykwols djipper.

It machtslykwicht Yn it begjin fan de 20e iuw bestie yn Jeropa in wankel machtslykwicht dat troch in oantal foarfallen ûndermine waard: It Britske regear besleat om by in Frânsk-Russysk bûngenoatskip oan te sluten. Dat beslút waard stipe troch de eangst dat Dútslân troch syn fleatútwreiding de Britske oermacht op see teneate dwaan koe. Dútslân seach him hjirtroch as slachtoffer fan in tsjin him rjochte gearspanning; Dêrop folgen Dútske en Eastenryksk-Hongaarske útdagings oan de Ingelsk-Frânske- Russyske 'Triple Entente'; De Dútsers hienen soargen oer hoe rap Ruslân de nederlaach tsjin Japan yn 1905 en de dêrop folgjende revolúsjonêre ûnrêst oerkaam; Tagelyk bloeiden yn de Balkansteaten krêftige nasjonalistyske ambysjes op, dêr't men diplomatike stipe by socht by oan de iene kant Dútsklân en Eastenryk en oan de oare kant Ruslân. De Pan-Slavisten woenen Russyske stipe oan de Slavyske folken ûnder Eastenrykske hearskippij. Yn gebieten as Sloveenje, Sileezje en Bohemen ûntstie in een sterk Slavysk-nasjonalistysk besef, wat op syn bar eangst en fijânskip by de Dútsers oprôp. De earste pan-Germaanske en antisemityske bewegings stutsen de kop op (dat it sie fan it nasjonaal-sosjalisme waard al yn de 19e iuw siedde); Der ûntstie in tsjinréaksje op de Ferljochting fan de 19e iuw. Oarloch waard troch nasjonalisten, sosjaal-darwinisten, militêren en oare groepen sjoen as "suvering". Troch oarloch soe de sterkste kultuer - de eigen kultuer - oerwinne, en soenen "syktes" as feminisme, homoseksualiteit en frijmitselderij útband wurde. Oarloch waard troch guon dus as remeedzje tsjin maatskiplike kwalen sjoen; Yn tsjinstelling ta Frankryk en Grut-Brittanje, hie Dútslân kwalik koloanjes, wat it lân in leger prestiizje joech, yn de eagen fan guon smertlik leger. Ynvestearrings yn de koloanjes smieten net daliks in protte winst op, mar neffens de doe hearskjende opfettings yn Dútslân lei it grutte foardiel yn de behearsking fan de hannelsstreamen en de privilegisearre tagong ta grûnstoffen en ôfsetmerken. De Dútsers sels seagen it as in "efterstân". Dútslân wie de letkommer, oan wa’t gjin "plak ûnder de sinne" gund waard; Grut-Brittanje hie neat op mei it Dútske stribjen nei mear koloniale macht, om't dat sjoen waard as in oantaasting fan de Britske macht; Dútslân hie it sterkste lânleger fan’e wrâld; algemien hienen de Dútsers de oertsjûging dat in mooglike oarloch wol yn in Dútske oerwinning einigje moast. De measte nasjonalistyske groepearings hopen dêrom op in konflikt en ek oaren dy’t dêr net op út wienen, fielden meastal net de needsaak in oarloch abslút te foarkommen; Grut-Brittanje seach yn de fersterking fan de Dútske float in drekte bedriiging; Frankryk socht in kâns op revâns om it yn 1870 ferlerne Elzas-Lotharingen op Dútslân werom te feroverjen; De ferskillende bûngenoatskippen wienen net sterk, earder swak te neamen. En Dútslân en Ruslân, de sterkere partijen, lieten harren beide liede troch harren swakkere bûnsmaten Eastenryk en Servje, om dy net te ferliezen; Mobilisaasjes wienen kwalik werom te draaien. Troch de minne kommunikaasje wienen militêre plannen tige rigide, en "elke dei wachtsjen betsjutte 15 kilometer gebietsferlies". Dêrtroch gie it inisjatyf fan de politisy oer nei de militêren; Hjirmei kaam it kiezen foar oanfallen tichterby. De earste klap wie ommers in daalder wurdich; Eastenryk-Hongarije wie slim ferswakke. De Dûbelmonargy wie troch Itaalje en Prusen fernedere, wie troch de Ausgleich fan 1868 hast yn twaen splitst, en socht kompensaasje fia de Balkan. De anneksaasje fan Bosnje en Herzegovina yn 1908 wie hjir in foarbyld fan. In maklike oerwinning op Servje soe bewize dat Eastenryk-Hongarije noch altyd in grutte mogendheid wie; Bulgarije en Turkije fielden harren nei de Balkanoarloggen bot fernedere en tekoart dien. Elke kâns om mei Servje, Roemeenje, Grikelân en (foar Turkije) eventueel Ruslân ôf te rekkenjen wie fan herte wolkom. It wie ek in kwestje fan, lykas Itaalje en Roemeenje, mei de meastbiedende side mei te gean. Dit droech by oan in útwreiding fan de oarloch.

Jeropeeske dominânsje thumb|280px|It lemieren fan de dei yn de Tredde Slach om Ieper (12 oktober 1917) It Ottomaanske Ryk keas yn de earste wrâldkriich de kant van Dútslân, Eastenryk-Hongarije en Itaalje yn de Triple alliânsje. Dit wie foar it Ottomaanske ryk in fatale kar. De Britten seagen fan it begjin ôf al it Ottomaanske ryk as de swakke keat fan de alliânsje. Yn 1915 besochten de Ingelsken om’e nocht in direkte oanfal op it Ottomaanske Ryk te dwaan. Omdat dy mislearre wie, besochten de Ingelsken op in soad oare manieren de Turken út de oarloch te stjitten. Ien fan dy manieren wie it opstoken fan in revolúsje yn it Ottomaanske ryk. Hjirfoar waard it Arabysk nasjonalisme ekstra oanwakkere. De Arabieren libben nammentlik ûngefear 400 jier sûnder problemen ûnder Ottomaanske ûnderdrukking, oant de jonge Turken dy’t oan’e macht kommen wienen it iuwenâlde rezjym oanpasse woene oan de Turkske noarmen en wearden. De Britten fûnen hjiryn in bûnsgenoat yn Sharif Hussein Ibn Ali, de sharif fan Mekka. In soad tige leauwige moslims leauwe dat hy de wiere erfgenamt fan de profeet Mohammed is. Dit late ta in Arabyske opstân tsjin de Ottomaanske hearskippij, mei as gefolch de Arabyske ûnôfhinklikheid.

Doe’t it Ottomaanske ryk fallen wie, fielden de Arabieren harren ferret, dûbeld ferret. Net allinnich hienen de Ingelsken it Sykes Picot ferdrach ôfsluten. Hjiryn hienen Frankryk en Ingelân ôfsprutsen it Midden-Easten ûnder Britsk-Frânsk mandaat te stellen. Boppedat hienen de Britten it sionisme oanpuonne troch yn de Balfour-declaration de joaden in eigen steat te beloovjen yn it hjoeddeiske Palestina. Eartiids wie dit lân it hillige Israel foar de Joaden. Yn dy tiid waard it lân troch in soad Arabieren bewenne. De Arabieren rôpen in ûnôfhinklike steat út yn Damaskus. De Arabieren koenen lykwols net lang tsjin de sterkere Jeropeanen stânhâlde. De Britten en Frânsken namen dus op dit momint de kontrole oer it Midden Easten oer en fierden in weryndieling troch dy’t harren it bêste útkaam.