De Tolhúster Alvestêdetocht wie in ûnoffisjele edysje fan 'e Alvestêdetocht op redens, dy't ferriden waard op 28 febrewaris 1929. De tocht waard wûn troch Marten van der Kooij en Ype Smid, beiden út Hylpen. __TOC__ Foarskiednis De winter fan 1928 op 1929 wie tige kâld. Op 12 febrewaris 1929 koe sadwaande mei strange froast de Fjirde Alvestêdetocht holden wurde, dy't organisearre waard troch de Feriening De Fryske Alve Stêden. Winner wie Karst Leemburg út Ljouwert, mei in tiid fan 11 oeren en 9 minuten. Neitiid frear it noch lang troch. Fjirtjin dagen letter besleaten trije Ljouwerter kafeehâlders sadwaande om nochris in Alvestêdetocht te hâlden. Om't de start by Kafee It Tolhûs oan 'e Grinzerstrjitwei wie, kaam dizze ûnoffisjele tocht de Tolhúster Alvestêdetocht te hjitten. De Feriening De Fryske Alve Stêden hie part noch diel oan dit barren.

Tocht De Tolhúster Alvestêdetocht waard mei ideaal waar ferriden op 28 febrewaris 1929 en folge fierhinne deselde rûte as de Fjirde Alvestêdetocht, dy't twa wiken en twa dagen earder holden wie. Dat wol sizze dat de rûte tsjin 'e klok yn riden waard, dus fan Ljouwert earst nei Dokkum. Der wie nea earder in Alvestêdetocht sa let yn it jier ferriden, mar de tocht gie in stik soepelder as de offisjele.

Der diene mar 48 manlju en ien frou oan 'e tocht mei. Winners wiene Marten van der Kooij en Ype Smid, beiden út Hylpen, dy't oer de einstreek kamen mei in tiid fan 10 oeren en 32 minuten. Dat wie 37 minuten flugger as Karst Leemburg, de winner fan 'e Fjirde Alvestêdetocht, goed twa wiken earder finisht wie. Tredde waard Andele Swierstra út Poppenwier. Fan 'e 49 dielnimmers rieden 44 de tocht út.

De organisators wiene sa optein oer de tocht dat se in wike letter, yn maart, alwer in Alvestêdetocht hâlde woene. Dat plan seagen se lykwols fan ôf nei in petear mei Mindert Hepkema, de foarsitter fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden.

Kategory:Alvestêdetocht Kategory:Barren yn 1929 Kategory:Sportevenemint yn Fryslân Kategory:Evenemint yn Boalsert Kategory:Evenemint yn Dokkum Kategory:Evenemint yn Frjentsjer Kategory:Evenemint yn Harns Kategory:Evenemint yn Ljouwert Kategory:Evenemint yn Snits Kategory:Evenemint yn Warkum Kategory:Evenemint yn Drylts Kategory:Evenemint yn Hylpen Kategory:Evenemint yn Sleat Kategory:Evenemint yn Starum