Aaipop is it grutste Frysktalige popfestival dat alle jierren op Peaskemoandei hâlden wurdt yn De Mande yn Nijlân. Der wurdt ek songen yn it Stedfrysk en it Biltsk.
Skiednis fan Aaipop. Yn 1987 wurdt de earste Aaipop hâlden. Dêrfoar waard der troch de stifting Earizer en de kroechbaas Remmelt Boonstra om de twa wiken in band útnûge om te spyljen yn it muzykkafee fan Nijlân. Dit wie in grut súkses. Dêrom waard it idee oppere om it allegear grutter te organisearjen. Op Peaskemoandei moast der in muzykfeest komme mei allinnich mar Fryske bands. Boonstra hie al ris earder in Peaskepop organisearre en dêrom de namme Aaipop. Foar de organisaasje waard in spesjale festivalkommisje yn it libben roppen. Twa leden fan Stifting Earizer krigen dêryn in sit mei twa minsken dy't gauris yn it muzykkafee kamen: Lysbert Bonnema en Wietske Jorritsma. Op Peaskemoandei 1987 sette it festival foar it earst út ein. De Kafeeromte fan Boonstra waard foar it heftige wurk omboud ta 'Rockhok', de boppeseal krige de namme: 'Harksankjeseal'.
Foar it earste festival moasten der wol twa groepen út de lapekoer helle wurde, mar dy wiene yn alle gefallen wol fan histoarysk belang: Rockploech Spul en Okke Hel (mei Piter Wilkens), dy't doe al net mear bestienen, mar mei it doe ek al opdoekte Skuor de earste rockgroepen wiene dy't yn it Frysk songen. Der kamen sa'n trijehûndert minsken op ôf.
Yn 2001 wie er gjin Aaipop fanwegen de tongblier. It tal bands de edysje waakste fan 8 in 1987 oant 25 yn 2012.
Dielnimmers oan Aaipop 80-er jierren Reboelje (1987, 1988) Piter Wilkens (1987, 1989) Doede Veeman (1987, 1989) Doede Bleeker (1988) Strawelte (1988) Bricquebec (1988)
90-er jierren Reboelje (1990, 1992, 1994, 1996, 1999) Doede Bleeker (1990, 1991, 1996) Strawelte (1990) Klinkhamer (1991, 1995) Doede Veeman (1991, 1995, 1997) Bricquebec (1991, 1993, 1995, 1996, 1998) Jitiizer (1993, 1999) Opsternaad (1993) Bombarje (1993, 1994) Jaap Louwes (1994, 1996) Sebeare (1996, 1998) Piter Wilkens (1996, 1999) Meindert Talma met band (1998) Pigmeat (1999)
2000 oant 2010 Sebeare (2000, 2003, 2005, 2007, 2009) Bricquebec (2000, 2003, 2005, 2006) Doede Bleeker (2000) Bogerman Bigband (2000) Bombarje (2002, 2004) Jitiizer (2002, 2004, 2006, 2007, 2009) Pigmeat (2002, 2006, 2008) Reboelje (2002) Gurbe Douwstra (2002, 2009) Piter Wilkens (2002, 2008) De Kast (2004) Jaap Louwes (2004) Van Wieren (2007, 2008) Meindert Talma (2009) Gerrit Breteler (2009) Aart Lus & Ed Lip (2009) Syb van der Ploeg en band (2009)
2010 Die Twa De Doelleazen Jarretank Jitiizer Van Wieren Piter Wilkens
2011 Redbad De Hûnekop De Doelleazen Jarretank
2012 De Hûnekop Rekker Die Twa mei band Piter Wilkens mei band Jaap Louwes mei band Griet Wiersma mei Anneke Douma It Doarp Doede Bleeker Sebeare Bombarje (reüny)
2013 De Kast (slotact Kijlûd) Reker (slotact Teneftertinte) De Doelleazen
2014 Y Bandana Jitiizer De Hûnekop Jelle B , Sipke, Folkert Hans, de Dikke L Band De Utlopers Mink Die Twa Piter Wilkens Bruno Jan Nota en band Ljoubjr De Band NNB Sadelrûkers
2015 Wiebe Kaspers Baba Live De Doelleazen Voskovs Grodzemods Jacob Laverman Marcel Smit en de Hiele hannel It Dockumer Lokaeltsje Gurbe Douwstra en freonen Healers Trijexnix Swnami dEROELS Rauzer Johannes Rypma en Griene dei
Aaipop der op út Aaipop organisearret sûnt 2008 elts jier in bandwedstriid yn de provinsje, 'Aaipop der op út' hjit dy. De winner fan de wedstriid mei it festival iepenje. Yn 2011 wûn Redbad, yn 2012 REKKER. De wedstriid wurdt alle jierren op in oar poppoadium holden. Oant no ta wiene dat ûnder oaren poppoadium Het Bolwerk yn Snits, Romein yn Ljouwert, Iduna yn Drachten en It Badhûs yn De Westereen.
Keppelings om utens webstee fan Aaipop
Kategory:Muzykfestival yn Fryslân Kategory:Nijlân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1987