Boerûndy is in lân yn Sintraal-Afrika. De haadstêd is Bujumbura.
Geografy left|thumb|150px|Fiskers oan de Tanganjikamar Boerûndy lei noardeastlik fan de Tanganjikamar en strekt har út oer in heechflakte op sawat 1500 meter hichte mei savannen yn it binnenlân. It hat allinnich lângrinzen, mei Kongo-Kinshasa 233 km, mei Rwanda 290 km en mei Tanzania 451 km. Yn it noardeasten leit in fochtich tropysk reinwâld. De heechste pyk is de berch Heha op 2670 meter hichte. De Nyl ûntspringt yn de bergen fan Boerûndy en Rûanda.
Klimaat It klimaat is frij myld, tanksij de lizzing op grutte hichte.
Skiednis Yn de 15e iuw krongen fanút it noarden Tûtsy-stammen Boerûndy yn, dy't in feodaal bewâld fierden oer de ynhiemske Hûtûs. Yn 1890 waard it gebiet in part fan de Dútske koloanje East-Afrika, dat nei de Earste Wrâldkriich troch Belgje bestjoerd waard. Yn 1962 waard Boerûndy ûnôfhinklik en sûnt dy tiid is hieltyd sprake fan konflikten tusken de Hûtûs (85 % fan de befolking) en de Tûtsys (15 %). Nettsjinsteande in nij grûnwet yn 1992 kin dizze boargerkriich net as beëinnige beskôge wurde.
Befolking De grutste etnyske groepen binne de Hûtû, Tûtsy en de Twa.
Kategory:Lân yn Afrika Kategory:Histoaryske Dútske koloanje Kategory:Histoaryske Belgyske koloanje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1680 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1885 Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1962 Kategory:Republyk