It maarteblomke (Leucojum vernum) is in bolgewaaks út 'e narsissefamylje. It maarteblomke is famylje fan it liderke, likegoed as fan de titelroas, de klivia en amaryllis.
De blomstâle hat meastentiids ien blom mei seis, like grutte blombledsjes fan 2 oant 2,5 sm., dy’t in bolfoarmich klokje foarmje. Karakteristyk foar it maarteblomke binne de griene, somtiden giele, plakken krekt foar de top fan de blombledsjes. Oan de bledsjes sit in stompe top, dy’t faak wat bûgd is. Lykas by it liderke hinget it blomke meastal. De blom hat seis moaltriedsjes en in knotsfoarmige stamper mei in grien rinkje der om. It maarteblomke is sa’n 10 oant 30 sm. heech, krekt wat heger as it liderke. It blêd is glânzjend grien en breder as dy fan it liderke.
Der binne guon maarteblomkes dy’t dûbele blommen oan ien blomstâle hawwe.
De blom bloeit yn febrewaris–maart, sa’n twa wike nei’t de liderkes iepengean.
Ekology It maarteblomke hâldt fan sinne of plakken mei wat skaad. It hat de foarkar foar in fochtige, fiedingrike boaiem en wreidet him dêr maklik út. De siedden wurde ferspraat troch eamelers.
Fersprieding Komt oarspronklik út België, Dútslân, en Noard- en East-Frankryk. Dizze soart komt foar op fochtige, fiedingrike hellingbosken ûnder leafhout tegearre mei blêdlok, holwoartel, helmblom, boskgoudstjer, giele anemoan en bûtergieltsje.
It maarteblomke is al in âlde sierplant. Sûnt 1420 moat it al yn tunen bekend wêze. Ien fan de rykste fynplakken is de Tún fan juffer Sickenga yn Wolvegea efter de Tsjerke op 'e Hichte.
Oant 1916 ta groeide it maarteblomke noch yn it wyld op ’e Tankenberg by Oldenzaal.
Keppeling om utens Maarteblomke op Stinzenflora-monitor.nl
Sjoch ek List fan planten
Kategory:Plantesoarte Kategory:Narsis (famylje) Kategory:Stinzeplant Kategory:Lânseigen floara yn Albaanje Kategory:Lânseigen floara yn Andorra Kategory:Lânseigen floara yn Belgje Kategory:Lânseigen floara yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen floara yn Bulgarije Kategory:Lânseigen floara yn Dútslân Kategory:Lânseigen floara yn Eastenryk Kategory:Lânseigen floara yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen floara yn Frankryk Kategory:Lânseigen floara yn Grikelân Kategory:Lânseigen floara yn Hongarije Kategory:Lânseigen floara yn Itaalje Kategory:Lânseigen floara yn Kosovo Kategory:Lânseigen floara yn Kroaasje Kategory:Lânseigen floara yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen floara yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen floara yn Moldaavje Kategory:Lânseigen floara yn Monako Kategory:Lânseigen floara yn Montenegro Kategory:Lânseigen floara yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen floara yn Portegal Kategory:Lânseigen floara yn Roemeenje Kategory:Lânseigen floara yn San Marino Kategory:Lânseigen floara yn Servje Kategory:Lânseigen floara yn Sloveenje Kategory:Lânseigen floara yn Slowakije Kategory:Lânseigen floara yn Spanje Kategory:Lânseigen floara yn Switserlân Kategory:Lânseigen floara yn Tsjechje Kategory:Lânseigen floara yn Turkije Kategory:Eksoat yn Denemark Kategory:Eksoat yn Finlân Kategory:Eksoat yn Fryslân Kategory:Eksoat yn Guernsey Kategory:Eksoat yn Ierlân Kategory:Eksoat yn Ingelân Kategory:Eksoat yn Jersey Kategory:Eksoat yn Man Kategory:Eksoat yn Nederlân Kategory:Eksoat yn Noard-Ierlân Kategory:Eksoat yn Noarwegen Kategory:Eksoat yn Skotlân Kategory:Eksoat yn Sweden Kategory:Eksoat yn Wales Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten