Lier is in distrikt (Landkreis) yn East-Fryslân, yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, dat opjrochte is yn 1932. It distrikt hat in oerflak fan 1085,77 km² en in tal ynwenners fan ().

Geografy It distrikt Lierhat in oerflak fan sa likernôch 1.086 km² en wurdt begrinzge troch de Kreisfreie Stadt Emden, de Waadsee en Noardsee yn it noarden, de Nederlânske grins yn it westen en it distrikt Auwerk, distrikt Wittmund yn it noarden, distrikt Kloppenburch yn it easten en it distrikt Iemslân yn it suden. It lânskip wurdt karakterisearre troch grutte feangebieten, wetterwegen, polderlânskippen en de rivier de Iems, dy't in wichtige rol spilet yn de regio.

It distrikt omfettet de stêd Lier en fjouwer histoaryske lânskippen deromhinne: Reiderlân yn it westen, Moormerlân yn it noarden, Oerledingerlân yn it súdeasten en Lengenerlân yn it noardeasten. Ek de Waadeilannen Boarkum en Lütje Hörn binne part fan it distrikt.

Skiednis De skiednis fan it gebiet fan it hjoeddeistige distrikt Lier giet werom nei de midsiuwen. It gebiet wie oarspronklik bewenne troch de Friezen en hat in rike skiednis fan hannel en seefeart. It haadplak Lier wie it sintrum foar de hannel yn turf en agraryske produkten.

Nei de Prusyske anneksaasje fan it Keninkryk Hannover, wwarden op 1 april 1885 de doetiidske amten Lier en Strickhausen, allyk de stêd Lier gearfoege ta de krite Lier (Kreis Leer), mei de stêd Lier as haadplak. Nei de Prusyske kriteherfoarming op 1 oktober 1932 waarden de kriten Weener en Lier en de gemeente Boarkum gearfoege ta de hjoeddeistige distrikt Lier.

Yn de Twadde Wrâldkriich hat de regio net in soad te lijen hân. De grutste skea kaam fan weromlûkende Dútske militêren dy't de brêge oer de Iems opbliezen tsjin de oplûkende Alliearden.

De algemiene weryndieling yn Nedersaksen sette yn it distrikt Lier útein op 1 july 1968 mei it gearfoegjen fan 'e gemeenten Heisfelde en Loga mei de stêd Lier. Op 1 july 1972 skaten de gemeenten Petkum en Widdelswehr har fan it distrikt Lier ôf en waarden se by de stêd Emden yndield.

Op 1 jannewaris 1973 wie der in grutte weryndieling fan it distrikt doe't ferskate gemeenten fusearren, dêr't ûnder oaren de nije gemeenten Dollart, Moormerland, Rhauderfehn, Uplengen en Westoverledingen by foarme waarden. De gemeenten Hatshausen, Jheringsfehn en Boekzetelerfehn fan it distrikt Auwerk waarden oan 'e gemeente Moormerland tafoege. De gemeente Stiekelkamperfehn waard mei de gemeente Neuefehn út it distrikt Auwerk gearfoege ta de nije gemeente Neukamperfehn.

Op 1 maart 1974 waard Idafeen, dat oant doe part fan 'e gemeente Strukelje yn it distrikt Kloppenburch wie, lang om let part fan 'e gemeente Ostrhauderfehn en dêr waard it in part fan it distrikt Lier troch. Idafeen hearde dust oant 1974 offisjeel ta it Sealterlân en dus ek ta it Aldenburger Múnsterlân. It waard lykwols út Ostrhauderfehn wei kolonialsiearre, de omgongstaal wie it Eastfrysk Plat en de oerhearskjende leauensrjochting wie it evangelysk-luthersk.

Op 1 novimber 2001 fusearren de fiif gemeenten fan 'e gearwurkingsgemeente (Samtgemeinde) Bunde (Boen, Bunde, Bunderhee, Dollart en Wymeer) ta de ienheidsgemeente (Einheitsgemeinde) Bunde.

Stêden en gemeenten De neikommende stêden en gemeenten lizze yn it distrikt: StêdenFrije gemeentenGearwurkingsgemeenten Boarkum Lier Weener Bunde Jemmingen Moormerland Ostrhauderfehn Rhauderfehn Uplengen Westoverledingen Samtgemeinde Hesel Brinkum Firrel Hesel Holtland Neukamperfehn Schwerinsdorf Samtgemeinde Jümme Detern Filsum Nortmoor

Untjouwing ynwenners 400px|right|Befolkingingspyramide foar de lânkring Lier (boarne: Sensus 2011.)

De lânkring Lier waard yn 1932 troch de fúzje mei de krite Weener fergrutte.

Jier Ynwenners Boarne 1890 48.955 https://eirenicon.com/rademacher/www.verwaltungsgeschichte.de/leer.html 1900 52.871 1910 56.645 1925 61.266 1939 99.258 1950 132.303 1960 121.200 1970 135.800 1980 141.600 1990 145.344 Landkreis Leer Demografie 2000 161.425 2010 164.705 2015 167.548 2020 171.483

Ekonomy en ynfrastruktuer thumb|250px|Ferkear yn Eastfryslân De ekonomy fan Landkreis Lier wurdt foar in grut part droegen troch de lânbou, yndustry, skipfeart en toerisme. De regio is bekend om syn agraryske produkten, lykas molke, tsiis en griente. De haven fan Lier is in wichtich ekonomysk sintrum, mei skipfeart en logistyk as wichtige sektoaren. De grutste bedriuwen binne it teebedriuw Bünting (12.300 meiwurkers), rederij Hartmann AG (5000 meiwurkers), boustoffen Egbert Wilts GmbH (300 meiwurkers) en Logaer Maschinenbau GmbH (300 meiwurkers).

Toerisme spilet in belangrike rol, benammen op Boarkum en yn de histoaryske binnenstêd fan Lier. De regio is goed ferbûn troch in netwurk fan sneldiken (A31 en A28) en wetterwegen (Iems en Leda). Oare gearwurkjende havens yn de regio binne Emden, Delfsyl en Iemshaven. Der binne spoarlinen yn alle fjouwer wynrjochtingen, dus nei Emden, Aldenburch, Múnster en Grins. Noardlik fan de stêd Lear leit in lyts fleanfjild dat benammen troch hobbyfleanders brûkt wurdt.

Polityk It distrikt wurdt bestjoerd troch de Kreisrat. Dy bestiet yn Lier út 54 leden én de streekrjocht keazen foarsitter fan de Kreisrat: de Lânried. De gearstalling fan de Kreisrat:

Partij2006201120162021SPD 24 21 21 20CDU 19 18 18 16Bündnis 90/Die Grünen 4 7 5 7Alternative für Deutschland - - 4 3AWG 3 3 2 -FDP 2 1 1 3Moin - - 1 3Die Linke - 2 1 1Die Friesen - 1 1 -Moormerländer Löwen - - - 1Bürger für Rhauderfehn 1 1 - -

Keppeling om utens Hiemside fan it Landkreis Lier

Kategory:Distrikt yn East-Fryslân Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1932