Rense Westra (Aldwâld, 30 septimber 1946 - Ljouwert, 2 maart 2015) wie in Frysk akteur.
Wurk thumb|250px|It grêf fan Westra Westra hat yn mear as tachtich stikken fan Tryater spile, lykas Fryske útfierings fan Richard III, In Midsimmernachtdream en Romeo en Julia fan Shakespeare en It Kersehôf fan Tsjechov. Fierders spile er sûnt 1985 yn ferskate Fryske films, ûnder oaren De Gouden swipe (1995) en De Fûke (2000). Foar syn rol yn De Fûke waard er nominearre foar in Gouden Keal foar de Bêste Akteur. Westra spile fjildwachter Swart yn twa ferfilmings fan de De Kameleon-jeugdboekerige en yn de dêrnei makke musical, De Kameleon Untfierd (2006).
Yn Fryslân is er foaral bekend wurden troch syn rol fan Beant Baas yn de Frysktalige sitkomrige Baas Boppe Baas dy't fan 2001 oant 2005 te sjen wie by Omrop Fryslân. Ek yn de fan Rients Gratama yn 2007 regisearre teäterferzje fan Baas boppe Baas spile er in haadrol. Westra is yn Hollân bekend fan de rol fan Alvestêdetochtfoarsitter út de film De Hel van '63 en fjildwachter Swart út de films fan De Kameleon. Yn 2009 sei Rense Westra ûnder de 'making of' fan De Hel van '63 dat er fan syn 'Beant Baas-imago' ôf woe. Dêrom naam er de rol yn De Hel van '63 op him.
Op tillefyzje wie Rense Westra te sjen yn soapsearjes as Goudkust (1996) en Westenwind (1999). Westra hie ek in fêste rol yn de Fryske abbekatesearje Dankert & Dankert. Hy hat ek wurk dien foar de Fryske skoalletelefyzje en radioprogramma's. Fierders hat er kabaret skreaun en spile, hat er ferskate dokumintêres ynsprutsen en hat er te sjen west yn tillefyzjereklames. Tsjin 'e ein fan syn karriêre hie Westra yn 2015 (opnommen yn 2014) noch in lytse roltsje, suver in kameo, yn 'e histoaryske film Michiel de Ruyter, oer de santjinde-iuwske seeheld mei deselde namme.
Persoanlik libben Yn Westra's persoanlike libben spile it kristlik leauwen in grutte rol. Hy wie in geregelde tsjerkegonger en hat sels ek preke, yn it Frysk en yn it Nederlânsk.
Ferstjerren Rense Westra ferstoar op 2 maart 2015 yn it MCL yn Ljouwert. Hy is 68 jier wurden. Hy kaam te hôf yn Warten.
Mids septimber 2018 waard yn 'e tsjerke fan Warten In Ikoan mei in Knypeach holden, in betinking fan Westra, dy't lang yn Warten wenne en tsjerke.
Rense Westra Oeuvre Award Nei it ferstjerren fan Westra waard datselde jier de Rense Westra Oeuvre Award yn it libben roppen troch regisseur Steven de Jong. De (publyks-)priis is ornearre foar akteurs dy't in soad betsjut hawwe foar Nederlânske films of searjes, mar dêr (te) min wurdearring foar krije. It soe lykwols hast 10 jier duorje ear't dy foar ot earst útrikt waard oan akteur Peter Tuinman.Friesland gaat Rense Westra Award uitreiken, nu.nl, 11 septimber 2015Eerste Rense Westra Award na tien jaar uitgereikt aan Peter Tuinman, omroepzilt.nl, 3 maaie 2024
Filmografy 1985 - De Dream - Paulus van Dijk 1995 - De Gouden Swipe - Douwe Wallinga 1996 - Goudkust (tillefyzjesearje) - Werner Heemskerk 1996 - Marie Antoinette is Niet Dood - Bistedokter 1999 - Westenwind (tillefyzjesearje) - Louis Donnier 2000 - Yn Goede Aarde: Yesterday 2000 - De Fûke - Jelle Hûn 2003 - De Schippers van de Kameleon - fjildwachter Swart 2003 - Útgong - Bram Molenaar 2003 - De Passievrucht - Boer 2004 - Sinterklaas Pakt Uit - fjildwachter Swart 2004 - Floris - Boer 2005 - Kameleon 2 - fjildwachter Swart 2001-2005 - Baas Boppe Baas (tillefyzjesearje) - Beant Baas 2006 - De Kameleon Ontvoerd - fjildwachter Swart 2006 - De Sportman fan de Ieu 2005-2007 - Dankert & Dankert (tillefyzjesearje) 2007 - De Scheepsjongens van Bontekoe 2008 - Snuf de Hond in Oorlogstijd 2008 - Bit (tillefyzjesearje op Omrop Fryslan) 2009 - De Hel van '63 - Ritsma, foarsitter Feriening De Fryske Alve Stêden (basearre op Jan Hoogland) 2010 - Snuf en het Spookslot 2010 - Snuf en de IJsvogel 2011 - Penny's Shadow 2011 - Flikken Maastricht (tillefyzjesearje, 1 ôfl.) 2011 - New Kids Nitro 2013 - Leve Boerenliefde 2014 - Stuk! 2014 - Taart (tillefyzjesearje) 2014 - Official Promo 48 Hour Film Project Leeuwarden 2014 2015 - Michiel de Ruyter''
Keppelings om utens De Weekkrant, 9 juni 2008 - Kippenvel van Fryslân Parsemap Kameleon 2
Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk telefyzje-akteur Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Aldwâld Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1946 Kategory:Persoan stoarn yn 2015