thumb|logo Tryater Tryater is in Frysk teäterselskip dat yn 1965 oprjochte is. It selskip spilet in grut ferskaat stikken foar in breed publyk: foar jongerein en famyljefoarstellings. Tryater siket mei syn Fryske stikken safolle mooglik de maatskiplike en aktuele ûntwikkelings yn Fryslân ( 'Geweld...Nee', de 'Ierlân-trilogy' of 'De dea fan in hannelsreizger' ). Sûnt 2001 hat Tryater in eigen gebou.
Skiednis thumb|left|250px|Tryater op it Binnenhôf; petysje foar subsydzje wurdt keamerfoarsitter Vondeling oanbean (1975) It Frysk Nasjonael Boun socht yn 1963 in manier om de Nijjierssit oantrekliker te meitsjen. Anne Wadman hie dêrta in stik fan Sartre oersetten. 'In slet fan tsien dollar' waard ûnder profesjonele regy fan Pyt van der Zee útfierd en troch in tal bettere amateurspilers op de planken brocht. Op deselde basis waarden letter noch in pear stikken spile en yn 1965 waard de "Fryske Toanielstifting" oprjochte. Yn 1969 waard de Stifting "Tryater" doopt. Fjouwer topspilers út de semi-profesjonele toanielrûnten krigen in fêst kontrakt. Earst yn 1985 krige it selskip rykserkenning. Hjoeddedei is Tryater it âldste profesjonele tonielselskip fan Nederlân. It hat ûnder mear ferneamde stikken as Kening Lear, fan Shakespeare, op 'e planken brocht.
Lokaasjes Tryater spilet op mear as 60 ferskillende plakken; yn teatersealen, doarpshuzen, gymsealen, op skoallen en op lokaasje. Sa spile Tryater op it Starteilân by Snits. Foar jeugd, jongerein en folwoeksenen. It spilet in hieltyd grutter tal foarstellingen, fan 276 yn 1996 oant 1165 yn 2002 foar sa'n 40- oant 50.000 minsken.
Tryater spilet bytiden yn Grinslân en Drinte, in inkele kear sels yn it bûtenlân. Sa waard 'Geweld...Nee', spile yn Oksitaanje (Frankryk) en Wales (Grut Brittanje). Yn 2006 waard in lytse toernee dien fan 'Rolling Home' foar de Friezen yn Ontario (Kanada).
Stikken & projekten thumb|Abe! (1995) thumb|Kening Lear (2003) thumb|Doarp Europa, 2018 (Foto: Daniël Schönwille) thumb|Part-Time Paradise, 2019 (Foto: Bas de Brouwer) thumb|Sûkerswiet, 2021 (Foto: Niels Knelis Meijer) Spektakelstikken Abe! Peer Gynt Orfeo Aqua (ko-produksje) Kening Lear Pak ‘m Stanzi De Heeren van het Veen (ko-produksje) 11Stêdetocht
Underwiis-Teaterprojekten Geweld...nee! Walther P5 Rude Clash!
Berneteater It Eksperimint fan de Hear Borgers Lastig portret Fan Rein de Foks Dach Mûnster It Húske dat Ferhuze Het Huisje dat Verhuisde (Nederlânsktalige ferzje) Abiku De Lytse Seemearmin Uh...wurd sochtFamyljefoarstellingen Ronja de Rôversdochter Matilda It Mirakel fan Hansje Brinker Liuwehert (2006) De Striid om de Sulveren Bal (2009)
Kluchten en komeedzjes Wát in Teater! De Ynbylde Sike Ald Papier Baarderlan BlowinLytse lokaasjeproduksjes Twa Rolling Home Salted Trije Susters''
Minsken thumb|Marijke Geertsma & Theun Plantinga (Rake klappen, 2013) Artistyk lieders Cees Stam (1975) Pyt van der Zee (1976 – 1980) Thom van der Goot (1980 - 1985) Guido Wevers (1985 - 1990) Peter te Nuyl (1990 - 1993) Jos Thie (1994 - 2003) Hans Man in ’t Veld (2003-2007) Ira Judkovskaja (2008-2020) Tatiana Pratley (2020- )
Inkelde spilers Jan Arendz Klaasje Postma Tamara Schoppert Marijke Geertsma Anny Veenstra Hilly Harms Romke Toering Rense Westra Joop Wittermans Freark Smink Gea Struiksma Aly Bruinsma Eelco Venema Nynke Heeg Hans Kroodsma Alyt Damstra Teatske Heidstra Arnold Dijkstra Theun Plantinga Wobbe Zwart
Skriuwers Bouke Oldenhof Peter Sijbenga Albertina Soepboer Romke Toering Tryntsje van der Zee Tjeerd Bischoff Jan Arendz Jeroen van den Berg
Keppeling om utens Webstee fan Tryater.
Kategory:Frysk teaterselskip Kategory:Frysk toanielselskip
Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1965 Kategory:Organisaasje yn Ljouwert