Juliet Marillier (Dunedin (Nij-Seelân), 27 july 1948) is in Nijseelânsk skriuwster fan fantasyromans en -ferhalen. Hja leit har benammen ta op it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy. Marillier is it bekendst wurden mei har tige súksesfolle en populêre Sevenwaters-searje en mei de Bridei Chronicles. Hja hat al fjouwer kear de prestizjeuze Nijseelânske Sir Julius Vogel Award wûn.

Libben en karriêre Priveelibben Marillier waard yn 1948 berne op yn Dunedin, op it Sudereilân fan Nij-Seelân. Hja genoat har oplieding oan 'e Universiteit fan Otago, dêr't se cum laude ôfstudearre mei in bachelortitel yn 'e skiene keunsten en in twadden yn 'e muzyk. Neitiid ûnderhold se harsels as muzykdosinte oan 'e middelbere skoalle en de universiteit, en dêrnjonken tsjinne se ek as koardirigint en wurke se as operasjongster. Yn 2009 waard der boarstkanker by Marillier fêststeld, mar dy sykte wist se te boppen te kommen. Hja wennet yn Perth, yn West-Austraalje.

Skriuwkarriêre Yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren sette Marillier útein mei in nije karriêre as skriuwster fan fantasyromans. Yn dat ferbân lei hja har ta op it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy, wêrby't se fantasy-eleminten lykas tsjoenderij en mytyske wêzens yntrodusearre tsjin in histoaryske eftergrûn. Se briek yn 1999 daliks troch mei har earste boek, Daughter of the Forest, dat it earste diel fan har Sevenwaters-trilogy wie.

Daughter of the Forest hie as haadpersoan Sorcha, it sânde bern en de iennichste dochter fan 'e Midsiuwske Ierske ealman Colum fan Sevenwaters, dy't sûnder mem en mei in heit dy't net nei har omsjocht grutbrocht wurdt troch har seis bruorren. As harren nije styfmem in boaze tsjoenster blykt te wêzen, bynt dy har bruorren mei in skriklike betsjoening, dy't Sorcha inkeld opheffe kin troch gjin wurd te uterjen foar't se in opdracht fan in fee foltôge hat. Foar't har dat slagget, wurdt se lykwols ûntfierd troch fijannen fan Sevenwaters en meinommen nei in frjemd lân, dêr't se har grutte leafde fynt. Ferskuord tusken har leafde foar har bruorren en dy foar de man dy't se fûn hat, wanhopet se oft se ea wol har taak ferfolje sil, mar tsjoenderij ken gjin grinzen en leafde is de machtichste soarte tsjoenderij fan allegear.

Yn 'e folgjende beide dielen fan 'e trilogy, Son of the Shadows (2000) en Child of the Prophecy (2001) folge Marillier de neiteam fan Sorcha troch de jierren hinne. Letter kearde se nei Sevenwaters werom mei trije ferfolchromans op 'e trilogy: Heir to Sevenwaters (2008), Seer of Sevenwaters (2010) en Flame of Sevenwaters (2012). Nij súkses belibbe Marillier mei de roman Wolfskin (2002), oer de kolonisaasje fan 'e Orkney-eilannen troch de iere Wytsingen, en it ferfolch dêrop, Foxmask (2003). Dêrnei folge in nij hichtepunt yn har oeuvre mei de Bridei Chronicles, in trilogy oer de Piktyske kening Bridei III († 693), besteande út 'e romans The Dark Mirror (2004), Blade of Fortriu (2005) en The Well of Shades (2006).

Mei Wildwood Dancing (2006) en Cybele's Secret (2007), in duology oer in groep fan fiif Roemeenske susters, wêrfan't benammen it earste diel de foarm fan in modern mearke oannimt, skreau Marillier foar it earst mei sin foar jongfolwoeksenen. Foar Cybele's Secret krige hja yn 2008 foar de earste kear de prestizjeuze Nijseelânske Sir Julius Vogel Award taparte yn 'e kategory bêste fantasyroman. Yn 2009 publisearre Marillier de op himsels steande roman Heart's Blood, dy't krekt as har ierdere wurk wer yn Ierlân spilet.

Fan har Shadowfell-rige waarden it twadde diel, Raven Flight, en it trêde diel, The Caller, yn 2014, resp. 2015 bekroane mei de Sir Julius Vogel Award foar bêste jeugdboek. Yn 2014 sette Marillier útein mei in nije romansearje, de Blackthorn and Grim-rige. Yn 2013 publisearre se fierders Prickle Moon, in ferhalebondel mei sechstjin koarte ferhalen, wêrfant't ien, By Bone-Light, yn 2014 bekroand waard mei de Sir Julius Vogel Award yn 'e kategory bêste koarte ferhaal. Marillier har wurk is oerset yn ferskate oare talen; de Nederlânske oersettings binne útbrocht by Utjouwerij Luitingh-Sijthoff, yn Amsterdam.

Wurk (N.B.: hjirûnder wurde de publikaasjejierren yn Australaazje jûn; Noard-Amearika en Jeropa kamen datoangeande gauris ien of twa jier efteroan.) Romans Sevenwaters-searje Sevenwaters-trilogy 1999 – Daughter of the Forest Nederlânske oersetting: Dochter van het Woud (fert. Pauline Moody, 2001) 2000 – Son of the Shadows Nederlânske oersetting: Zoon van de Schaduwen (fert. Pauline Moody, 2001) 2001 – Child of the Prophecy Nederlânske oersetting: Kind van de Profetie (fert. Pauline Moody, 2002) ferfolchboeken 2008 – Heir to Sevenwaters Nederlânske oersetting: Erfgenaam van Zeven Wateren (fert. Maren Mostert, 2009) 2010 – Seer of Sevenwaters Nederlânske oersetting: Ziener van Zeven Wateren (fert. Maren Mostert, 2011) 2012 – Flame of Sevenwaters Nederlânske oersetting: Vlam van Zeven Wateren (fert. Maren Mostert, 2015) koart ferhaal 2013 – Twixt Firelight and Water (yn 'e ferhalebondel Prickle Moon) Saga of the Light Isles 2002 – Wolfskin Nederlânske oersetting: Drager van de Wolvenvacht (fert. Carla Benink, 2003) 2003 – Foxmask Nederlânske oersetting: Drager van het Vossenmasker (fert. Carla Benink, 2004) Bridei Chronicles 2004 – The Dark Mirror Nederlânske oersetting: Des Magiërs Leerling (fert. Saskia Steinhorst, 2005) 2005 – Blade of Fortriu Nederlânske oersetting: Het Zwaard van Fortriu (fert. Selma Bakker, 2006) 2006 – The Well of Shades Nederlânske oersetting: De Schaduwbron (fert. Selma Bakker, 2007) Wildwood-duology 2006 – Wildwood Dancing Nederlânske oersetting: Wildewoud (fert. Marion Drolsbach, 2007) 2007 – Cybele's Secret Nederlânske oersetting: Cybele's Geheim (fert. Marion Drolsbach, 2008) Whistling Tor-rige 2009 – Heart's Blood Nederlânske oersetting: Hartenbloed (fert. Willie van der Kuil, 2010) Shadowfell-trilogy 2012 – Shadowfell Nederlânske oersetting: Verboden Magie (fert. Selma Soester, 2012) 2013 – Raven Flight Nederlânske oersetting: Ravenvlucht (fert. Selma Soester, 2013) 2014 – The Caller Nederlânske oersetting: De Ontbieder (fert. Selma Soester, 2015) Blackthorn and Grim-trilogy 2014 – Dreamer's Pool Nederlânske oersetting: Dromerspoel (fert. Selma Soester, 2016) 2015 – Tower of Thorns 2016 – Den of Wolves Warrior Bards-trilogy 2019 – The Harp of Kings 2020 – A Dance with Fate 2021 – A Song of Flight

Koarte fiksje (N.B.: yn 'e ûndersteande list giet it om koarte ferhalen, of it moat oars oanjûn stean) 2000 – Otherling 2013 – Prickle Moon (ferhalebondel) Prickle Moon Otherling Let Down Your Hair Poppy Seeds In Coed Celyddon Juggling Silver Twixt Firelight and Water (in ferhaal út 'e Sevenwaters-wrâld) Gift of Hope Letters from Robert Jack's Day Far Horizons Tough Love 3001 Wraith, Level One Back and Beyond The Angel of Death By Bone-Light 2019 – Once Upon an Enchanted Forest (blomlêzing, mei Bethany Adams, Morgan Jensen, Autumn Shelley, Charissa Weaks, Alisha Klapheke, Emma Hamm, Angela J. Ford, Elva Birch en Michelle Tang) 2021 – Mother Thorn and Other Tales of Courage and Kindness (ferhalebondel) Nederlânske oersetting: Moeder Doorn en Andere Verhalen over Moed en Vriendelijkheid (fert. Marieke Veringa, 2021)

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2000Aurealis Awardwûnbêste fantasyromanSon of the Shadows2001Alex Awardwûnbêste roman Daughter of the Forest2005Aurealis Awardwûnbêste fantasyromanBlade of Fortriu2006Aurealis Awardwûnbêste fantasyromanWildwood Dancing2008Sir Julius Vogel Awardwûnbêste fantasyromanCybele's Secret2009Beehive Book Awardwûnbêste fiksje foar jongfolwoeksenenWildwood Dancing2010Prix Imaginaleswûnbêste oersetting (yn it Frânsk) fan in romanDaughter of the ForestTin Duck Awardwûnbêste profesjonele lange fiksje Seer of Sevenwaters2013Tin Duck Awardwûnbêste spekulative fiksjeShadowfell2014Sir Julius Vogel Awardwûnbêste jeugdboekRaven FlightSir Julius Vogel Awardwûnbêste koarte ferhaalBy Bone-LightTin Duck Awardwûnbêste profesjonele koarte fiksjePrickle Moon2015Aurealis Awardwûnbêste fantasyromanDreamer's PoolSir Julius Vogel Awardwûnbêste jeugdboekThe Caller

Keppelings om utens Offisjele webside fan Juliet Marillier

Kategory:Nijseelânsk romanskriuwer Kategory:Nijseelânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nijseelânsk fantasyskriuwer Kategory:Nijseelânsk ûnderwizer Kategory:Nijseelânsk muzykpedagooch Kategory:Nijseelânsk dirigint Kategory:Nijseelânsk operasjonger Kategory:Persoan berne yn 1948