George Catlin (26 july 1796 – 23 desimber 1872) wie in Amerikaansk keunstskilder, skriuwer en reizger dy't him fral talei op it meitsjen fan portretten fan yndianen yn it Wylde Westen en Midden-Amearika.
Biografy Jonkheid George Catlin waard berne yn Wilkes-Barre, Pennsylvania as fyfde fan 14 bern. Al yn syn bernejierren hiene yndianen in sterke ynfloed op him, meidat syn mem en beppe ûnder de Amerikaanske Unôfhinklikenskriich yn 1778 troch yndianen ûntfierd waarden (Wyoming Valley Massacre.). Hy brocht yn syn jonge jierren in protte tiid troch mei fiskjen, jeien en it sammeljen fan yndiaanske artefakten. Catlin gie fiif jier nei skoalle yn Wilkes-Barre. Dêrnei brocht syn heit him nei Litchfield, Konettikut dêr't er oant 1818 rjochten studearre.
Karriêre Catlin wie koarte tiid, oant 1823, abbekaat. Letter eksposearre er twa mânske kolleksjes skilderijen fan Amerikaanske yndianen en publisearre er in rige boeken dy't syn reizen nei yndianestammen fan Noard-, Sintraal- en Súd-Amearika beskreaunen. Catlin syn grutte passy wie it beskriuwen fan in ‘ferdwinend ras’. Catlins skilderijen jouwe in unyk en faak ymposant byld fan it libben fan yndianestammen en it úterlik fan harren opperhaden út in perioade fan de Amerikaanske skiednis, wêryn't de ynfloed fan de Jeropeeske beskaving him noch net of hast net jilde litten hiene yn de prêrjegebieten fan Noard-Ameerika. Guonts binne fan betinken dat Catlin in oerdreaun byld fan syn ûnderfiningen jout, bygelyks dat er de earste blanke besiker fan bepaalde yndianenstammen wêze soe. De measte skilderijen fan Catlin út 1830 binne no part fan de samling fan it Smithsonian American Art Museum. Sa'n 700 sketsen hat it American Museum of Natural History yn New York op 'e noed. Catlin syn reisferslaggen mei in soad yllustraasjes ferskynden yn syn haadwurk: Letters and Notes on the Manners, Customs and Conditions of North American Indians uit 1841. In kar út syn reisferslaggen is yn it Nederlânsk fertaald.
Priveelibben George Catlin moete Clara Bartlett Gregory yn 1828 yn har wenplak Albany. Nei har' trouwen beselskippe se him op syn reizen nei it westen fan de FSA. Sy krigen fjouwer bern.ScienceViews George Catlin: A Biography. Url visited on 21 March 2012 Clara en syn jongste soan stoaren by in besite oan Parys yn 1845.Christie's: Lotnotes for the painting of Clara Bartlett Gregory Catlin. Sjoen 21 maart 2012
Galery
Kategory:Amerikaansk abbekaat Kategory:Amerikaansk keunstskilder Kategory:Amerikaansk reisferhaleskriuwer Kategory:Westernkeunstner Kategory:Persoan yn it Wylde Westen Kategory:Persoan berne yn 1796 Kategory:Persoan stoarn yn 1872