Sophie Adriana Juliette de Vries-De Boer (Rotterdam, 19 juny 1882 - Auschwitz, 11 febrewaris 1944) wie in Nederlânsk toanielaktrise.

De Vries-De Boer wie in dochter fan Henri de Boer en aktrise Esther de Boer-Van Rijk. Se folge yn de fuotleasten fan har mem en spile de rol fan Jo yn it toanielstik Op Hoop van Zegen, wêr't har mem de haadrol yn hie. Se spile ek yn de film Op Hoop van Zegen (1934). Yn de jierren 10 gie se by it toanielselskip Het Toneel en spile dêr yn ferskate toanielstikken, lykas Mijlpalen (1913), Oedipus van Sofokles (1913) en Jonkvrouwe de la Seiglière (1914). Profyl fan de trije neammde toanielstikken: Doe't de Twadde Wrâldoarloch útbriek, waard De Vries-De Boer nei konsintraasjekamp Auschwitz deportearre. Dêr waard se yn 1944 fergast.

Har soan Martijn de Vries (1913–1943)Kay Weniger: Zwischen Bühne und Baracke. s. 418 waard yn april 1943 yn it ferneatigingskamp Sobibor deadien. Dochter Hesje de Vries (1905–1968)Hesje de Vries yn IMDb oerlibbe de Holokaust.

Literatuer Kay Weniger: Zwischen Bühne und Baracke. Lexikon der verfolgten Theater-, Film- und Musikkünstler 1933 bis 1945. Metropol, Berlyn 2008, ISBN 978-3-938690-10-9, S. 418

Keppeling om utens Sophie de Vries-de Boer (1884–1942), op joodsmonument.nl

Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Holokaustslachtoffer Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1882 Kategory:Persoan stoarn yn 1944