It Kleaster fan de Opstanning (Russysk: Воскресенский монастырь; Voskresenski monastir) is in Russysk-otterdoks kleaster yn 'e Russyske stêd Uglitsj (oblast Jaroslavl).
De hjoeddeiske gebouwen fan it oan 'e Wolga lizzende kleaster binne allegear yn 'e selde tiid boud. Yn 1999 waarden de gebouwen werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en sûnt is it monastike libben wer oppakt.
Skiednis It is net bekend wannear't it kleaster stifte waard. Guon boarnen skriuwe dat it kleaster yn 'e 13e iuw stifte waard, mar de stifting soe ek yn 'e 15e iuw west ha kind.
Yn 1609 yn 'e Tiid fan Unstjoer waard it kleaster troch de Poalen ferneatige. De muontsen en de 500 boargers, dy't it kleaster ferdigenen, waarden fermoarde. Oant 1670 wiene alle gebouwen fan it kleaster noch fan hout. Dat feroare tusken 1674 en 1677, doe't yn opdracht fan 'e metropolyt Jonas Sisojevitsj, dy't hjir syn geloften ôflei, it stiennen tsjerkekompleks boud waard. Hy hat it inisjatyf nommen ta de bou fan mear grutte wurken, benammen yn Rostov. De gebouwen waarden op in nije lokaasje delsetten, om't it âlde plak ynstabyl rekke troch de Wolga.Uglich-voskresen.cerkov.ru Foar it dekorearjen fan 'e gebouwen waarden foar it earst yn Uglitsj griene tegels tapast, dy't oarlochsslagen, bisten en emblemen útbyldzje. Yn 1764 waard it monastike libben ôfskaft en de gebouwen krigen doe de funksje fan parochytsjerke.
Nei de Oktoberrevolúsje folge de sluting fan 'e tsjerken yn 'e jierren 1920. Yn 'e maitiid fan 1999 is it gebouwekompleks werom jûn oan Russysk-Otterdokse Tsjerke en waard de monastike tradysje wer oppakt. Der folge in restauraasje fan 'e besteande gebouwen en de muorre om it kleaster waard yn 2010 rekonstruearre.Temples.ru Tsjerken thumb|left|De trije tsjerken yn 2003. De tsjerken steane op in rige njonken inoar en binne troch in galerij meiïnoar ferbûn.
Ferrizeniskatedraal De meast noardlike tsjerke is de Ferrizeniskatedraal mei twa kapellen en in westlik portaal.Temples.ru
Marije fan Egyptetsjerke Tusken de Ferrizeniskatedraal en de Smolensktsjerke stiet de klokketoer mei de Marije fan Egypte-tsjerke. De tsjerke is op 'e twadde ferdjipping en hat in ûngewoane rjochthoekige foarm sûnder apsis. Boppe de tsjerke is de klokkestoel mei wide iepen arkades. Yn 1764 waard de tsjerke mei it opheffen fan it kleaster sletten, mar mei de weromjefte yn 1999 wer yn gebrûk nommen en renovearre. Temples.ru
Smolensktsjerke It meast súdlik lizze it refektoarium en de Tsjerke fan Us-Leaffrou-fan-Smolensk. De tagong folget troch de galerij, dy't begjint by de katedraal. It ferwulft fan it refektoarium wurdt droegen troch in foarse sintrale pylder. Fragminten fan fresko's jouwe in yndruk fan 'e eartiids rike beskildering fan 'e muorren. Neffens âlde beskriuwings stie der boppe de refter eartiids in toer mei in oerwurk. De toer is mei de tiid ôfbrutsen en ferfongen troch in minder elegant flak dak. De dekoraasjes oan 'e bûtenkant fan 'e refter en de tsjerke binne ienfâldiger as dy fan 'e katedraal.Temples.ru
Ofbylden
Kategory:Bouwurk yn Uglitsj Kategory:Kleaster yn Ruslân Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 13e iuw Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 15e iuw Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Organisaasje opheft yn 1920 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1999 Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 1609 Kategory:Bouwurk út 1609 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1674 Kategory:Bouwurk út 1677