De Tsjerke fan Dimitri op it Bloed (Russysk: Церковь Димитрия на крови) is in tsjerkegebou yn it kremlyn fan Uglitsj, Ruslân. De tsjerke leit op in skildereftige lokaasje oan 'e Wolga op it plak, dêr't yn 1591 prins Dmitri Ivanovitsj, de lêste fertsjintwurdiger fan 'e dynasty fan 'e Rjoerikiden, fermoarde waard.
Op útstel fan Ruslân is de tsjerke oanmeld foar de list fan it wrâlderfskip fan UNESCO. De tsjerke foarmet in ûnderdiel fan it Museum fan Uglitsj. Skiednis thumb|left|Fresko yn de tsjerke fan de moard op prins Dimitri. Op it plak fan 'e moard fan tsarevitsj Dimitri waard yn 'e earste jierren fan 'e 17e iuw in houten kapel delset. Yn 1630 waard de houten kapel ferfongen troch in houten tsjerke, dy't yn 1692 ferfongen waard troch de hjoeddeiske stiennen tsjerke. De tsjerke leit oan 'e kant fan 'e Wolga yn it noardeastlike part fan it kremlyn. Arsjitektuer It giet om in lytse tsjerke mei in foarportaal, in net hege klokketoer, in refter, in heech sintraal diel dat bekroand is mei fiif koepels en in apsis. De tsjerke is yn bloedreade kleuren beskildere mei opfallende wite details (argitraven, pilasters en kroanlisten). De súdlike gevel fan 'e tsjerke is goed bewarre bleaun. Oan 'e noardlike kant waard yn 'e 19e iuw in net goed by de arsjitektuer fan 'e tsjerke passende kapel oanboud. Ynterieur Yn 'e tsjerke bleaune de fresko's út de twadde helte fan 'e 18e iuw bewarre. Se stelle de moard op tsarevitsj Dimitri en it oardiel oer de moardners foar. De fresko's yn 'e refter stelle foarstellings fan 'e skepping, Adam en Eva en de ferballing út it paradys foar. Opfallend foar in otterdokse tsjerke binne de realistyske útbyldings fan 'e (hast) neakene Adam en Eva.
Kategory:Tsjerkegebou yn Uglitsj Kategory:Bouwurk út 1630 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1692 Kategory:Bouwurk út 1692 Kategory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou