Alzheimer Nederlân is in stichting dy't him ynset foar minsken mei de sykte fan Alzheimer en oare foarmen fan demintens. De stichting hat in lanlik buro, 52 regionale ôfdielingen en hâld 200 moannegearkomsten foar lotgenoaten, de saneamde Alzheimer Kaffees. Njonken pasjinte-organisaasje is de stichting ek in fûns dat wittenskiplik ûndersyk nei demintens finansierret.
De stichting hat 210.000 begeunstigers. Alzheimer Nederland waard oprjochte troch Hendrik Willem ter Haar. Foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan de stichting is âld-minister Liesbeth Spies en direkteur is Gea Broekema-Procházka.
Keppeling om utens Webstee Alzheimer Nederland
Kategory:Nederlânske stifting Kategory:Geriatry Kategory:Goeddiedichheid
Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1984