De moderne fûgels (wittenskiplike namme: Neornithes) foarmje in ûnderklasse fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves). Ta dizze groep hearre alle libbene fûgels, yn totaal mear as 10.500 ûnderskate soarten. Ynsafier't dat bekend is, wiene alle fûgels dy't nei it geologyske tiidrek fan it Kryt libbe hawwe, moderne fûgels. Ornitologen en paleöntologen tochten foarhinne wol dat de moderne fûgels fuortkamen út ien inkele groep fan 'e klasse fan 'e fûgels dy't it grutte útstjerren fan 65 miljoen jier lyn oerlibbe hie. Dy riddenearring is lykwols ûntkrêfte troch de fynst fan ferskate fossilen dy't oantoane dat de opspjalting fan 'e moderne fûgels yn 'e beide grutte tuskenklassen fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de nijkakigen (Neognathae) al omtrint 119 miljoen jier lyn plakfûn hawwe moat, wylst de opspjalting tusken de beide nijkakige boppeskiften fan 'e goes- en hineftigen (Galloanserae) en de nije fûgels (Neoaves) 90 miljoen jier lyn syn beslach krige.
Underklasse-opbou
ûnderklasse moderne fûgels (Neornithes) tuskenklasse âldkakigen (Palaeognathae) skift Lithornithiformes † skift strúsfûgeleftigen (Struthioniformes) rangleas takson echte âldkakigen (Notopalaeognathae) skift moä-eftigen (Dinornithiformes) † skift nandoe-eftigen (Rheiformes) skift tinamû-eftigen (Tinamiformes) rangleas takson nije rinfûgels (Novaeratitae) skift kasuariseftigen (Casuariiformes) skift kiwy-eftigen (Apterygiformes) skift oaljefantsfûgeleftigen (Aepyornithiformes) † tuskenklasse nijkakigen (Neognathae) boppeskift goes- en hineftigen (Galloanserae) rangleas takson hineftigen en sibben (Pangalliformes) famylje Gallinuloididae † famylje Paraortygidae † famylje Quercymegapodiidae † famylje Sylviornithidae † skift hineftigen (Galliformes) toskgoeseftigen (Odontoanserae) skift falsktoskigen (Odontopterygiformes) † rangleas takson goesfoarmigen (Anserimorphae) skift diatryma-eftigen (Gastornithiformes) † skift fegaviseftigen (Vegaviiformes) † skift goeseftigen (Anseriformes) boppeskift nije fûgels (Neoaves) skift hoätzineftigen (Opisthocomiformes) rangleas takson kraanfoarmigen (Gruimorphae) skift kraanfûgeleftigen (Gruiformes) skift wilstereftigen (Charadriiformes) rangleas takson trapfoarmigen (Otidimorphae) skift koekoekeftigen (Cuculiformes) skift toerako-eftigen (Musophagiformes) skift trapeftigen (Otidiformes) rangleas takson hegere fûgels (Metaves) rangleas takson dofoarmigen (Columbimorphae) skift do-eftigen (Columbiformes) skift sânhineftigen (Pteroclidiformes) skift steltraleftigen (Mesitornithiformes) rangleas takson flamingo- en dûkereftigen (Mirandornithes) skift dûkereftigen (Podicipediformes) skift flamingo-eftigen (Phoenicopteriformes) rangleas takson kagû-eftigen (Eurypygimorphae) skift kagû's en sinnerallen (Eurypygiformes) skift kearkringfûgeleftigen (Phaethontiformes) rangleas takson toer- en nachtsweleftigen (Cypselomorphae of Strisores) skift nachtsweleftigen (Caprimulgiformes) rangleas takson toer- en dwerchnachtsweleftigen (Daedalornithes) skift dwerchnachtsweleftigen (Aegotheliformes) skift toersweleftigen (Apodiformes) rangleas takson lânfûgels (Telluraves) rangleas takson bitterfûgels (Afroaves) skift giereftigen fan de Nije Wrâld (Cathartiformes) skift koeroleftigen (Leptosomatiformes) skift mûsfûgeleftigen (Coliiformes) skift noashoarnfûgeleftigen (Bucerotiformes) skift rôffûgels (Accipitriformes) skift rôldereftigen (Coraciiformes) skift spjochteftigen (Piciformes) skift trogons en kwetzals (Trogoniformes) skift ûle-eftigen (Strigiformes) rangleas takson súdfûgels (Australaves) skift siselkloereftigen (Cariamiformes) rangleas takson falkfoarmigen (Eufalconimorphae) skift falkeftigen (Falconiformes) rangleas takson mosk- en pappegaai-eftigen (Psittacopasserae) skift moskeftigen (Passeriformes) skift pappegaai-eftigen (Psittaciformes) rangleas takson wetterfûgels (Aequornithes) skift eiberteftigen (Ciconiiformes) skift ginteftigen (Suliformes) skift mokeftigen (Procellariiformes) skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes) skift pinguïneftigen (Sphenisciformes) skift seedûkereftigen (Gaviiformes)
Kategory:Fûgel nei taksonomy