De nijkakigen (Latynske namme: Neognathae) foarmje in tuskenklasse fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves) en de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes). Ta dizze groep hearre hast alle libbene soarten fûgels, mear as 10.000 yn oantal. Inkeld de tinamû's en grutte rinfûgels, dy't it sustertakson fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) foarmje, bliuwe derbûten. De namme 'nijkakigen', in letterlike oersetting fan it Latynske Neognathae, ferwiist nei de 'nije' (neo) struktuer fan 'e kaak (gnath) by dizze fûgels. By de âldkakigen soe de kaakstruktuer nammentlik 'primitivere' (d.w.s. reptyleftige) skaaimerken fertoane. Nettsjinsteande de offisjele nammejouwing bestiet oer dit punt lykwols gjin wittenskiplike konsensus.
Untwikkeling Sûnt it geologyske tiidrek fan it Kryt, dêr't de ierst bekende fossilen fan dizze groep út stamje, hawwe de nijkakigen har fluch oanpast oan feroarjende omstannichheden en nije biotopen, mei as gefolch it grutte ferskaat oan foarmen, funksjes en hâlden en dragen sa't dat hjoed de dei bestiet. De nijkakigen falle útinoar yn twa boppeskiften: de goes- en hineftigen (Galloanserae), dêr't û.m. de guozzen, swannen, einen, pauwen, fazanten en hinnen ta hearre; en de nije fûgels (Neoaves), in ûnbidich grutte groep dy't útinoar rint fan 'e ûlen oant de pinguins en fan 'e flamingo's oant de sjongfûgels. It grutste nijkakige skift is dat fan 'e moskeftigen (Passeriformes), dêr't 60% fan alle libbene fûgelsoarten ta heart. Dêrmei is dat skift mear as twa kear sa grut as it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en likernôch fiif kear sa ferskaat as dat fan 'e flearmûzen (Chiroptera), de beide grutste sûchdiereskiften.
Tuskenklasse-opbou
tuskenklasse nijkakigen (Neognathae) boppeskift goes- en hineftigen (Galloanserae) rangleas takson hineftigen en sibben (Pangalliformes) famylje Gallinuloididae † famylje Paraortygidae † famylje Quercymegapodiidae † famylje Sylviornithidae † skift hineftigen (Galliformes) toskgoeseftigen (Odontoanserae) skift falsktoskigen (Odontopterygiformes) † rangleas takson goesfoarmigen (Anserimorphae) skift diatryma-eftigen (Gastornithiformes) † skift fegaviseftigen (Vegaviiformes) † skift goeseftigen (Anseriformes) boppeskift nije fûgels (Neoaves) skift hoätzineftigen (Opisthocomiformes) rangleas takson kraanfoarmigen (Gruimorphae) skift kraanfûgeleftigen (Gruiformes) skift wilstereftigen (Charadriiformes) rangleas takson trapfoarmigen (Otidimorphae) skift koekoekeftigen (Cuculiformes) skift toerako-eftigen (Musophagiformes) skift trapeftigen (Otidiformes) rangleas takson hegere fûgels (Metaves) rangleas takson dofoarmigen (Columbimorphae) skift do-eftigen (Columbiformes) skift sânhineftigen (Pteroclidiformes) skift steltraleftigen (Mesitornithiformes) rangleas takson flamingo- en dûkereftigen (Mirandornithes) skift dûkereftigen (Podicipediformes) skift flamingo-eftigen (Phoenicopteriformes) rangleas takson kagû-eftigen (Eurypygimorphae) skift kagû's en sinnerallen (Eurypygiformes) skift kearkringfûgeleftigen (Phaethontiformes) rangleas takson toer- en nachtsweleftigen (Cypselomorphae of Strisores) skift nachtsweleftigen (Caprimulgiformes) rangleas takson toer- en dwerchnachtsweleftigen (Daedalornithes) skift dwerchnachtsweleftigen (Aegotheliformes) skift toersweleftigen (Apodiformes) rangleas takson lânfûgels (Telluraves) rangleas takson bitterfûgels (Afroaves) skift giereftigen fan de Nije Wrâld (Cathartiformes) skift koeroleftigen (Leptosomatiformes) skift mûsfûgeleftigen (Coliiformes) skift noashoarnfûgeleftigen (Bucerotiformes) skift rôffûgels (Accipitriformes) skift rôldereftigen (Coraciiformes) skift spjochteftigen (Piciformes) skift trogons en kwetzals (Trogoniformes) skift ûle-eftigen (Strigiformes) rangleas takson súdfûgels (Australaves) skift siselkloereftigen (Cariamiformes) rangleas takson falkfoarmigen (Eufalconimorphae) skift falkeftigen (Falconiformes) rangleas takson mosk- en pappegaai-eftigen (Psittacopasserae) skift moskeftigen (Passeriformes) skift pappegaai-eftigen (Psittaciformes) rangleas takson wetterfûgels (Aequornithes) skift eiberteftigen (Ciconiiformes) skift ginteftigen (Suliformes) skift mokeftigen (Procellariiformes) skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes) skift pinguïneftigen (Sphenisciformes) skift seedûkereftigen (Gaviiformes)
Kategory:Fûgel nei taksonomy