De sjongfûgels (wittenskiplike namme: Passeri, syn. Oscines) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves) en it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). Dit is in kloft fan 5.339 soarten (teljier: 2025), ferdield oer 129 famyljes. De sjongfûgels binne oer it algemien fan in frij behindige lichemsgrutte en hawwe in kosmopolityske fersprieding. In ûnderskiedend skaaimerk is harren sterk ûnwikkele fermogen ta it produsearjen fan fûgelsang. De sustergroep fan 'e sjongfûgels wurdt foarme troch de krytfûgels (Tyranni of Suboscines), dy't yn har fersprieding foar it meastepart beheind binne ta de Nije Wrâld. Mei-inoar foarmje de beide ûnderskiften de rangleaze klade fan 'e sjongfûgeleftigen (Eupasseres), dy't op in pear tige ôfwikende soarten nei it hiele skift fan 'e moskeftigen omfettet.
Taksonomy De sjongfûgels waarden al yn 1758 as taksonomyske yndieling yntrodusearre troch de Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus yn 'e tige ynfloedrike tsiende edysje fan syn Systema Naturæ. De wittenskiplike namme Passeri ferwiist nei de mosk (Passer domesticus), dy't yn it Latyn passer neamd wurdt. De term Oscines wurdt gauris as in wittenskiplik synonym foar dizze groep brûkt. Dy namme komt fan it Latynske oscen, dat "sjongfûgel" bestjut.
Tsjintwurdich foarmje de sjongfûgels ien fan 'e trije ûnderskiften dêr't it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes) yn ferdield is. De oare beide ûnderskiften binne de rotstomke-eftigen (Acanthisitti) en de krytfûgels (Tyranni of Suboscines). De rotstomke-eftigen binne yn har fersprieding beheind ta Nij-Seelân en omfetsje mar twa libbene en fiif resint útstoarne soarten yn ien inkele famylje. Molekulêre analyze hat oantoand dat sy de âldste kloft moskeftigen fertsjintwurdigje, dy't yn genetysk opsjoch op in distânsje stiet fan 'e oare beide ûnderskiften. De sjongfûgels en de krytfûgels foarmje mei-inoar de rangleaze klade fan 'e sjongfûgeleftigen (Eupasseres), dy't it sustertakson fan 'e rotstomke-eftigen is. Binnen de sjongfûgeleftigen binne de krytfûgels de sustergroep fan 'e sjongfûgels.
It ûnderskift fan 'e sjongfûgels is sels opdield yn seis ûnderskate tuskenskiften. Ien dêrfan, it tuskenskift fan 'e lierfûgeleftigen (Menurides), stiet wat fierder fan 'e oare fiif ôf. Dy oare fiif binne de prieelfûgeleftigen (Climacterides), de stobberinnereftigen (Othonychides), de huningitereftigen (Meliphagides), de krie-eftigen (Corvides) en de echte moskeftigen (Passerides). Hja foarmje mei-inoar de rangleaze klade fan 'e echte sjongfûgels (Euoscines), dat de sustergroep is fan 'e lierfûgeleftigen.
Evolúsje De oarsprong fan 'e sjongfûgels foel gear mei de skieding fan 'e súdlike wrâlddielen yn it Ier-Eoseen, sa'n 50 miljoen jier lyn. Dêrtroch rekken se yn Austraalje isolearre fan 'e krytfûgels (Tyranni of Suboscines) yn Súd-Amearika. Yn Austraalje ûntjoegen sjongfûgels har ta in grut ferskaat oan foarmen. In wichtige tûke fan dy kloft, it lytsskift fan 'e moskfûgeleftigen en sibben (Passerida), fersprate him sa'n 40 miljoen jier lyn út Austraalje wei oer Jeraazje en Afrika. Neitiid fûn der in yngeande biogeografyske ferminging plak wêrby't sjongfûgels út it noarden wer nei it suden giene, oaren út it suden foar it earst nei it noarden kamen en wer oaren de Nije Wrâld wisten te berikken.
Uterlike skaaimerken De sjongfûgels binne oer it algemien lytseftige fûgeltsjes, hoewol't ta dizze kloft ek de krieën hearre. Under dy groep falle de beide grutste moskeftigen, de groubekraven (Corvus crassirostris) út 'e Hoarn fan Afrika en de gewoane raven (Corvus corax), dy't beiden mear as 70 sm lang en 11/2 kg swier wurde kinne. Der bestiet in grut ferskaat oan ferskiningsfoarmen, en it fearrekleed fan sjongfûgels hat faak (mar net altyd) felle kleuren. Seksuele dimorfy komt by in protte soarten yn hege mjitte foar, mar is by oare soarten (frijwol) ôfwêzich.
Libbenswize De measte sjongfûgels hawwe in omnivoar dieet, wat betsjut dat se sawol bisten as planten frette. By de bisten giet it dan almeast om ynsekten, oare lidpoatigen, wjirms en oar lyts wringeleas dierte, hoewol't kriefûgels faak ek lytse sûchdieren en reptilen en fral ek ies frette. Oare soarten sjongfûgels binne strikt ynsektivoar, wat sizze wol dat se inkeld ynsekten frette. De piken fan sjongfûgels binne nêstbliuwers, dy't blyn, keal en helpleas út it aai komme. Se hawwe dêrom ferlet fan yngeande soarch fan 'e âlden.
Sang
Sjongfûgels steane bekend om harren sang, in skaaimerk dêr't se ek nei ferneamd binne. Fan alle fûgels hawwe de sjongfûgels de bêste behearsking oer de spieren dy't de syrinks oanstjoere (it stimorgaan fan fûgels), en sadwaande kinne se in grut ferskaat oan sang fuortbringe. Guon fûgels, lykas de ljurk (Alauda arvensis) en it gealtsje (Luscinia megarhynchos), steane dêr by útstek om bekend. Oaren, lykas de ferskate soarten krieën, bringe ek in grut ferskaat oan lûden fuort, mar dy klinke foar it minsklik gehoar alhiel net muzikaal en wurde omskreaun as 'krassen'. Guon soarten, lykas de lierfûgels (Menuridae) út Austraalje, binne earsten neibearders, dy't net inkeld de sang fan oare fûgelsoarten imitearje kinne, mar ek sekuer lûden neidwaan kinne dy't net fan natuere foarkomme, lykas in startende auto of in keatlingseage.
De sang fan sjongfûgels is yn it foarste plak territoriaal, mei't it de identiteit en de lokaasje oerbringt fan it yndividu dat it lûd uteret. De fûgel seit dus yn wêzen: "Hjir bin ik," wat foar rivalen fan itselde geslacht en deselde soarte safolle betsjut as: "Dit territoarium is beset." Dêrnjonken tsjinnet deselde sang foar soartgenoaten fan it oare geslacht as lokrop by wize fan sykjen nei in pearingspartner. Dit sangrepertoire moat net betize wurde mei oare roppen mei in spesifike betsjutting, lykas alaarmroppen yn it gefal fan 'e oanwêzigens fan rôfdieren, dy't by sjongfûgels trouwens ek tige melodieus klinke. Oare fûgels produsearje ek wol fûgelsang om harren territoarium ôf te beakenjen en partners te lokjen, mar benammen by net-moskeftigen giet it dêrby oer it algemien om ienfâldige, monotoane en werheljende roppen, lykas it oehoejen fan ûlen, it koeren fan dowen of it kreakjen fan teaperts. Sokke lûden ûntbrekt it oan 'e fariëteit fan lûd en toanhichte dy't karakteristyk is foar de sang fan sjongfûgels.
Klassifikaasje De famyljes út 'e ûndersteande klassifikaasje binne deselden dy't erkenning genietsje fan 'e Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU). De ferdieling yn tuskenskiften, lytsskiften en boppefamyljes folget de fylogenetyske analyze dy't yn 2019 publisearre waard troch Carl Oliveiros et al.
(N.B.: de oantallen soarten binne rûchwei, fral by de gruttere famyljes.)
ûnderskift sjongfûgels (Passeri, syn. Oscines) tuskenskift lierfûgeleftigen (Menurides) famylje lierfûgels (Menuridae) - 2 soarten famylje toarnkrûperfûgels (Atrichornithidae) - 2 soarten tuskenskiftekloft echte sjongfûgels (Euoscines) tuskenskift prieelfûgeleftigen (Climacterides) famylje Australyske krûperfûgels (Climacteridae) - 7 soarten famylje prieelfûgels (Ptilonorhynchidae) - 27 soarten tuskenskift stobberinnereftigen (Othonychides) famylje stobberinnerfûgels (Orthonychidae) - 3 soarten famylje ûnechte babbelderfûgels (Pomatostomidae) - 5 soarten tuskenskift huningitereftigen (Meliphagides) famylje Australyske sjongfûgels (Acanthizidae) - 67 soarten famylje boarstelfûgels (Dasyornithidae) - 3 soarten famylje diamantfûgels (Pardalotidae) - 4 soarten famylje elfkefûgels (Maluridae) - 32 soarten famylje huningiterfûgels (Meliphagidae) - 186 soarten tuskenskift krie-eftigen (Corvides) boppefamylje beamrinnereftigen (Neosittoidea) famylje beamrinnerfûgels (Neosittidae) - 3 soarten boppefamylje kwartellystereftigen (Cinclosomatoidea) famylje kwartellysters en juwielbabbelders (Cinclosomatidae) - 11 of 12 soarten boppefamylje rûpfûgeleftigen (Campephagoidea) famylje rûpfûgels (Campephagidae) - 93 soarten boppefamylje wytkopeftigen (Mohouoidea) famylje wytkopfûgels (Mohouidae) - 3 soarten boppefamylje boskskatekstereftigen (Malaconotoidea) famylje boatsnaffelfûgels (Machaerirhynchidae) - 2 soarten famylje Borneoboarstelkopfûgels (Pityriaseidae) - 1 soarte famylje boskskateksters, tsjagra's en fiskalen (Malaconotidae) - 50 soarten famylje fangafûgels (Vangidae) - 40 soarten famylje ioarafûgels (Aegithinidae) - 4 soarten famylje lelmiggesnapperfûgels (Platysteiridae) - 32 soarten famylje skobde groukopfûgels (Rhagalogidae) - 1 soarte famylje spitsfûgels en oargelfûgels (Artamidae) - 24 soarten boppefamylje echte krie-eftigen (Corvoidea) famylje drongofûgels (Dicruridae) - 28 soarten famylje ifritafûgels (Ifritidae) - 1 soarte famylje kriefûgels (Corvidae) - 139 soarten famylje Maleiske toefgaaifûgels (Platylophidae) - 1 soarte famylje monarchfûgels (Monarchidae) - 107 libbene en 4 resint útstoarne soarten famylje paradysfûgels (Paradisaeidae) - 45 soarten famylje paradyspittafûgels (Melampittidae) - 2 soarten famylje skateksterfûgels of wurgerfûgels (Laniidae) - 34 soarten famylje slyknêstkriefûgels (Corcoracidae) - 2 soarten famylje waaiersturtfûgels (Rhipiduridae) - 55 soarten boppefamylje gielegou-eftigen (Orioloidea) famylje beiepikkerfûgels (Paramythiidae) - 3 soarten famylje fireofûgels (Vireonidae) - 62 soarten famylje gielegoufûgels (Oriolidae) - 41 soarten famylje groukoppen en fluiters (Pachycephalidae) - 69 soarten famylje harlekyngroukopfûgels (Falcunculidae) - 3 soarten famylje lelgroukopfûgels (Eulacestomatidae) - 1 soarte famylje oreoikafûgels (Oreoicidae) - 3 soarten famylje swypfluiterfûgels (Psophodidae) - 6 soarten tuskenskift echte moskeftigen (Passerides) lytsskift huningjagereftigen (Melanocharitida) famylje huningjagerfûgels (Melanocharitidae) - 11 soarten lytsskift satynfûgeleftigen (Cnemophilida) famylje satynfûgels (Cnemophilidae) - 4 soarten lytsskift Australazyske miggesnappers (Petroicida) famylje Australyske miggesnappers (Petroicidae) - 51 soarten famylje gielbânhuningiters (Notiomystidae) - 1 soarte famylje Nijseelânske lelfûgels (Callaeidae) - 4 libbene soarten en 1 resint útstoarne soarte lytsskift ralbabbeldereftigen (Eupetida) famylje kealkopkriefûgels (Picathartidae) - 2 soarten famylje ralbabbelderfûgels (Eupetidae) - 1 soarte famylje rotsspringerfûgels (Chaetopidae) - 2 soarten lytsskift miggesnappereftigen (Muscicapida) boppefamylje goudtoeffûgels (Reguloidea) famylje goudtoefkes (Regulidae) - 6 soarten boppefamylje beamkrûperfûgels (Certhioidea) famylje beamkrûpers (Certhiidae) - 9 soarten famylje blauspjochten (Sittidae) - 29 soarten famylje bûnte beamkrûpers (Salpornithidae) - 2 soarten famylje miggefangers (Polioptilidae) - 22 soarten famylje muorrekrûpers of rotskrûpers (Tichodromidae) - 1 soarte famylje tomkefûgels (Troglodytidae) - 96 soarten boppefamylje miggesnapperfûgels (Muscicapoidea) famylje elachoerafûgels (Elachuridae) - 1 soarte famylje lysterfûgels (Turdidae) - 193 soarten famylje miggesnappers (Muscicapidae) - 357 soarten famylje oksepikkerfûgels (Buphagidae) - 2 soarten famylje protterfûgels (Sturnidae) - 128 soarten famylje spotlysterfûgels (Mimidae) - 34 soarten famylje wetterlysterfûgels (Cinclidae) - 5 soarten boppefamylje pestfûgeleftigen (Bombycilloidea) famylje beigroukopfûgels (Hylocitreidae) - 1 soarte famylje Hawaïaanske huningiters (Mohoidae) † - 7 resint útstoarne soarten famylje palmhipperfûgels (Dulidae) - 1 soarte famylje pestfûgels of lakfûgels (Bombycillidae) - 3 soarten famylje sidemiggesnapperfûgels (Ptiliogonatidae) - 4 soarten famylje sidesturtfûgels (Hypocoliidae) - 1 soarte lytsskift moskfûgeleftigen en sibben (Passerida) boppefamylje goarsfûgeleftigen (Emberizoidea) famylje Amerikaanske goarsfûgels (Passerellidae) - 140 soarten famylje Amerikaanske sjongers (Parulidae) - 120 soarten famylje gielboarstsjongerfûgels (Icteriidae) - 1 soarte famylje goarsfûgels (Emberizidae) - 44 soarten famylje hippertangarefûgels (Calyptophilidae) - 2 soarten