Bud Spencer (wiere namme: Carlo Pedersoli; Napels, 31 oktober 1929 – Rome, 27 juny 2016) wie in Italjaansk akteur, regisseur, filmprodusint, senarioskriuwer, profesjoneel swimmer en politikus. Hy waard benammen bekend mei syn rollen yn 'e aksjekomeedzjes en spagettywesterns dy't er yn 'e 1970-er jierren makke mei syn langjierrige filmpartner Terence Hill. Tegearre mei Hill skreau, regisearre en produsearre er mear as tweintich fan sokke films. Yn syn jonkheid wie Spencer in súksesfol swimmer, en died er trijeris mei oan 'e Olympyske Spullen. Letter learde er foar abbekaat, liet er as útfiner ferskate oktroaien fêstlizze, helle er syn fleanbrevet foar sawol ferkearsfleantugen as helikopters, rjochte er in eigen loftfeartmaatskippij op, en wied er aktyf as regionaal politikus. Teffens die Spencer in protte goeddiedichheidswurk en skreau er in autobiografy.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Spencer waard yn 1929 yn 'e Napolitaanske wyk Borgo Santa Lucia berne as de soan fan Alessandro Pedersoli en Rosa Facchetti. As bern al toande er grutte oanlis foar swimmen en wûn er dêryn ferskate prizen. Yn 1940, doe't Spencer alve jier wie, ferfear it gesin fanwegen syn heite wurk nei Rome, dêr't Spencer nei de middelbere skoalle gie en lid waard fan in swimklub. Mei sechstjin jier skreau er him yn oan 'e Sapienza Universiteit fan Rome, dêr't er skiekunde studearre. Yn jannewaris 1947, doe't er santjin jier wie, emigrearre er mei syn âlden nei Súd-Amearika, mei as gefolch dat er syn stúdzje ôfbrekke moast. Fan 1947 oant 1949 wurke er op it Italjaanske konsulaat yn it Brazyljaanske Recife, dêr't er learde om floeiend Portegeesk te praten.

Sportkarriêre Yn 1949 kearde Spencer werom nei Itaalje om wetterpolo te spyljen foar de Romeinske klub Società Sportiva Lazio Nuoto. Teffens wûn er dat jiers de Italjaanske nasjonale swimkampioenskippen yn 'e dissiplines freestyle en mingde estafette. Hy wie de earste Italjaan dy't de 100 m freestyle yn minder as ien minút swom (om persiis te wêzen yn 59,5 sekonden), in rekôr dat er op 19 septimber 1950 behelle yn Salsomaggiore. Dat jiers fertsjintwurdige Spencer syn heitelân op 'e Jeropeeske kampioenskippen yn Wenen, dêr't er fyfde waard op 'e 100 m freestyle en fjirde op 'e 4 × 200 m estafette.

Op 'e Mediterrane Spullen fan 1951 yn Aleksandrië wûn Spencer in sulverne medalje op 'e 100 m freestyle. In jier letter naam er diel oan 'e Olympyske Spullen fan Helsinki, dêr't er op datselde ûnderdiel de heale finale helle. Fjouwer jier letter wied er op 'e nij fan 'e partij op 'e Olympyske Spullen fan Melbourne, dêr't er op 'e 100 m freestyle op 'e nij de heale finale helle. Yn 1960 naam er ek noch diel oan 'e Olympyske Spullen fan Rome, mar dêr waard er yn 'e kwalifikaasjestaazje al útskeakele.

As wetterpoloër wûn Spencer yn 1954 it nasjonaal kampioenskip fan Itaalje mei syn klub S.S. Lazio, en op 'e Mediterrane Spullen fan 1955 yn Barseloana behelle er mei it Italjaanske nasjonale tiim de gouden medalje. Yn 1957 beëinige er syn karriêre as wetterpoloër lykwols abrupt. Op 17 jannewaris 2005 waard oan Spencer de Caimano d'Oro ("Gouden Kaaiman") takend troch de Italjaanske Swimfederaasje. Twa jier letter, yn 2007, waard er troch dyselde organisaasje oansteld as sertifisearre swim- en wetterpolotrener.

Aktearkarriêre Fanwegen syn mânske postuer en spierde uterlik waard Spencer yn 1949 frege foar in lyts roltsje yn 'e komeedzje Quel Fantasma di Mio Marito (útbrocht yn 1950). Yn 1951 spile er in lid fan 'e Pretoriaanske Garde yn it histoaryske epos Quo Vadis?, dat yn Itaalje opnommen waard troch de Amerikaanske studio MGM. Letter hied er út en troch rollen yn lytse Italjaanske films, lykas Siluri Umani (1954) en Un Eroe dei Nostri Tempi (1955). Syn earste gearwurking mei Terence Hill wie yn 1959, yn Annibale.

Nei de Olympyske Spullen fan 1960 troude Spencer mei Maria Amato, de dochter fan 'e ferneamde Italjaanske filmprodusint Giuseppe Amato, mar yn 't earstoan koe de filmyndustry him net in soad skele. Ynstee sleat er in kontrakt mei RCA Records om teksten te skriuwen foar bekende Italjaanske sjongers as Ornella Vanoni en Nico Fidenco, wylst er ek meiwurke oan 'e soundtrack fan guon films. Nei't syn kontrakt ôfrûn, ûntjoech er him yn 1964 ta dokumintêremakker foar de Italjaanske nasjonale omrop RAI.

Yn 1967 bea regisseur Giuseppe Colizzi Spencer in rol oan yn 'e film Dio Perdona... Io No! (yn Nederlân útbrocht ûnder de titel De Duivel Kent Geen Genade), wêryn't er op 'e nij de tsjinspiler fan Terence Hill (wiere namme: Mario Girotti) wêze soe. Yn 't earstoan wiisde Spencer de rol ôf, mar úteinlik liet er him dochs omprate, net allinnich om mei te spyljen, mar ek om syn burd stean te litten en om hynsteriden te learen. Om't it om in western gie, waard de beide haadrolspilers frege om Ingelske nammen oan te nimmen; Spencer kombinearre dêrta de foarnamme fan 'e troch him bewûndere akteur Spencer Tracy mei syn favorite biermerk Budweiser.

Mei Terence Hill foarme Spencer neitiid hast tweintich jier lang in ûnôfskiedlik duo. Se makken mei-inoar mear as tweintich films, meast spagettywesterns en aksjekomeedzjes (knokfilms), wêrfan't Spencer ferskaten regisearre en produsearre, wylst er teffens aktyf wie as senarioskriuwer. Dizze films hiene hast allegear sawol Italjaanske as Ingelske titels, en waarden yn Nederlân útbrocht ûnder Nederlânsktalige titels, hoewol't se net neisyngronisearre mar ûndertitele waarden. De bekensten wiene: De Snelste Vuisten van het Wilde Westen (1969), De Linker- en de Rechterhand van de Duivel (1970), De Vier Vuisten van de Duivel (1971), De Vier Vuisten de Lucht In (1972), Pas Op Of We Slaan Erop (1974), Vier Vuisten Hebben de Tropenkolder (1983) en Vier Vuisten in het Kwadraat (1984). Fral yn Jeropa hiene Spencer en Hill hjirmei grut súkses.

Yn in fraachpetear sei Spencer oer Hill: "Terence is as in broer foar me, en krekt as bruorren binne we it net altyd iens, en hy kin soms in ferfelende klier wêze. [laket] Us relaasje wurdt wat dat oangiet werjûn yn ús films. [...] We mochten altyd graach mei-inoar wurkje, en dat sil de reden wol wêze dat we tegearre sa'n soad films makke hawwe." Nei 1983 gie it wat tuike-oan mei Spencer syn aktearkarriêre, en fan dy tiid ôf lei er him ek mear ta op tillefyzjewurk. Yn 'e twadde helte fan 'e jierren tachtich spile er, sûnder Hill, Jack 'Big Man' Clementi yn 'e Big Man-filmrige, wêryn't er as perfester de striid mei de misdie oanbûn. Dy films hiene lykwols mar midsmjittich resultaat. Yn 'e 1990-er jierren hied er, ek sûnder Hill, wol in beskaat nij súkses yn in rige tillefyzjefilms mei as titel Extralarge, wêryn't er as resjersjeur Jack 'Extralarge' Costello op 'e nij de misdie te liif gie.

Oar wurk Nei de film De Vier Vuisten de Lucht In, út 1972, behelle Spencer syn fleanbrevet foar sawol ferkearsfleantugen as helikopters. Yn 1984 rjochte er in eigen loftfeartmaatskippij op mei as namme Mistral Air, wêrby't er him benammen talei op it ferfier fan poststikken en pylgers, mar letter die er it bedriuw oer oan Poste Italiane en kocht ynstee in tekstylfabryk dêr't klean foar bern makke waarden. Teffens learde Spencer foar abbekaat, en liet er as útfiner ferskate oktroaien fêstlizze. Fierders finansierde en ûnderstipe er in grut tal goeddiedichheidsorganisaasje op it mêd fan bern.

Yn 2005 gie Spencer de polityk yn en stelde er him kandidaat foar it regionale parlemint fan Lazio foar Silvio Berlusconi syn Forza Italia-partij. Spencer sei dat er frijwol alle beroppen alris útoefene hie, behalven balletdûnser, jockey en politikus, en om't balletdûnsjen en hynsteracen fanwegen syn postuer neat wurde koe, woed er it mar ris as politikus prebearje. De opposysje bekritisearre him foar it bedriuwen fan 'showbiz-polityk', en hy ferlear syn ferkiezing.

Priveelibben Spencer troude yn 1960 mei Maria Amato, de dochter fan 'e ferneamde Italjaanske filmprodusint Giuseppe Amato (û.m. ferantwurdlik foar La Dolce Vita). Ut dat houlik waarden twa soannen berne, Giuseppe (1961) en Diamante (1972), en ien dochter, Christine (1962).

Ferstjerren Spencer kaam op 27 juny 2016 yn syn wenplak Rome te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 86 jier. Hy liet syn frou, trije bern, fiif pakesizzers en seis oerpakesizzers nei. Syn autobiografy waard yn 2011 publisearre troch de útjouwerij Schwarzkopf & Schwarzkopf.

Filmografy Films mei Terence Hill jier Ingelske titel Italjaanske titel Nederlânske titel rol 1959 Hannibal Annibale Annibale Rutario 1967 God Forgives, I Don't Dio Perdona... Io No! De Duivel Kent Geen Genade Earp Hutch 1968 Ace High I Quattro dell'Ave Maria Hutch Bessy 1969 Boot Hill of Boots Hill La Collina degli Stivali De Snelste Vuisten van het Wilde Westen Hutch 1970 They Call Me Trinity Lo Chiamavano Trinità De Linker- en de Rechterhand van de Duivel Bambino 1970 Blackie, the Pirate Il Corsaro Nero De Duivel Hale Je Skull 1971 Trinity is Still My Name ... Continuavano a Chiamarlo Trinità De Vier Vuisten van de Duivel Bambino 1972 All the Way, Boys Più Forte, Ragazzi De Vier Vuisten de Lucht In Salud 1974 Watch Out, We're Mad Altrimenti Ci Arrabbiamo Pas Op Of We Slaan Erop Ben 1974 The Two Missionaries Porgi l'Altra Guancia Vier Vuisten voor het Geloof Padre Pedro 1977 Crime Busters I Due Superpiedi Quasi Piatti Twee door het Dolle Heen Wilbur Walsh 1978 Odds and Evens Pari e Dispari Even en Oneven Charlie Firpo 1979 I'm for the Hippopotamus Io Sto con gli Ippopotami Vier Vuisten op Safari Tom 1981 Who Finds a Friend, Finds a Treasure Chi Trova un Amico, Trova un Tesoro Vier Vuisten Hebben de Tropenkolder Charlie O'Brien 1983 Go For It Nati con la Camicia De Vier Vuisten Slaan op Hol Doug 1984 Double Trouble Non c'è Due Senza Quattro || Vier Vuisten in het Kwadraat || Greg Wonder / Antonio Coimbra de la Coronilla y Azevedo |- | 1985 || Miami Supercops || I Poliziotti dell'Ottava Strada || || Steve Forrest |- | 1994 || Troublemakers || Botte di Natale'' Moses

Films sûnder Terence Hill