Yasmine Galenorn (yn Washington (steat), 17 jannewaris 1961) is in Amerikaansk skriuwster fan romans en koarte ferhalen dy't ta de literêre sjenres fan 'e fantasy, detektives, horror en romantyk hearre. Har bekendste wurk is de Otherworld-rige, oer de trije D'Artigo-susters. Fierders hat se ek gebrûk makke fan it pseudonym India Ink. Galenorn is aktyf yn 'e wicca-mienskip fan Seattle, en hat teffens ferskate non-fiksjewurken skreaun oer ûnderwerpen dy't te krijen hawwe mei it moderne heidendom.
Libben en karriêre Galenorn waard yn 1961 berne yn 'e Amerikaanske steat Washington, dêr't se grutbrocht waard troch har mem en styfheit. Se wie in foarlike learlinge, dy't mei fyftjin jier rjochtstreeks fan 'e middelskoalle nei it kolleezje gie, en dêrby de middelbere skoalle (high school) oersloech. Se studearre oan it Evergreen Steatskolleezje yn Olympia, en folge oanslutend in toanieloplieding, dy't se yn 1983 mei súkses ôfrûne.
Yn 1980 bekearde Galenorn har ta de wicca. Se beskôget harsels as in sjamanistyske heks, wylst se dêrnjonken ek grutte belangstelling hat foar oare foarmen fan it moderne heidendom. Op 1 maaie 1993 troude se mei har man Samwise, mei wa't se yn Seattle wennet. Dêrby naam har man yn 't earstoan Galenorn har oarspronklike efternamme oan (dy't se fan har styfheit oernommen hie). Mids njoggentiger jierren besleaten se harren namme te feroarjen, en keazen foar 'Galenorn', dat "Grienbeam" betsjut yn 'e elfske taal út 'e Lord of the Rings-trilogy fan J.R.R. Tolkien. Dy namme lieten se fêstlizze as harren wetlike efternamme. De Galenorns hawwe gjin bern, mar wol fjouwer katten.
Yn 1997 sette Galenorn útein mei in karriêre as skriuwster. Sûnt hat se mear as 35 romans publisearre, mei dêropta noch ferskate koarte ferhalen. Har wurk heart ta ferskate literêre sjenres, fan fantasy en horror oant detektives en romantyk. It grutste part fan Galenorn har oeuvre kin lykwols ta it subsjenre fan 'e urban fantasy rekkene wurde, wêrûnder har bekendste wurk, de Otherworld-rige, oer de trije susters D'Artigo. De Chintz 'n China-searje bestiet út detektiveromans, en itselde jildt foar de Bath and Body-rige, dy't Galenorn útbrocht ûnder it pseudonym India Ink. Yn 2010 sette se útein mei in nije urban fantasy-rige, de Indigo Court-searje. Dêrnjonken is Galenorn ek de skriuwster fan acht non-fiksjewurken oer it moderne heidendom, wêrfant Embracing the Moon it bekendst is. Yn 2012 wûn se de Romantic Times Career Achievement Award foar har hiele oeuvre.
Wurk (hjirby giet it om romans as it net oars oanjûn stiet) Fiksje Chintz 'n China-searje 2003 – Ghost of a Chance 2004 – Legend of the Jade Dragon 2005 – Murder under a Mystic Moon 2005 – A Harvest of Bones 2006 – One Hex of a Wedding 2016 – Holiday Spirits 2021 – Well of Secrets Bath and Body-searje (ûnder it pseudonym India Ink) 2005 – Scent to Her Grave 2006 – A Blush with Death 2007 – Glossed and Found Otherworld-searje (of Sisters of the Moon-searje) romans 2006 – Witchling 2007 – Changeling 2008 – Darkling 2008 – Dragon Wytch 2008 – Night Huntress 2009 – Demon Mistress 2009 – The Shadow of Mist 2009 – Bone Magic 2010 – Harvest Hunting 2010 – Etched in Silver 2011– Blood Wyne 2011– Courting Darkness 2012 – Shaded Vision 2012 – Shadow Rising 2013 – Haunted Moon 2013 – Autumn Whispers 2014 – Crimson Veil 2014 – Priestess Dreaming 2015 – Panther Prowling 2016 – Darkness Raging 2017 – Moon Shimmers 2018 – Harvest Song 2019 – Blood Bonds ôfsûnderlike novelles & koarte ferhalen 2009 – The Shadow of Mist (novelle, yn 'e blomlêzing Never After; los publisearre yn 2013) 2010 – Etched in Silver (novelle, prequel fan 'e searje, yn 'e blomlêzing Inked; los publisearre yn 2012) 2010 – Man in the Mirror (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Songs of Love and Death) 2011 – Ice Shards (novelle, spilet foàr Courting Darkness, yn 'e blomlêzing Hexed; los publisearre yn 2012) 2016 – Bones (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Once Upon A Curse) ferhalebondels 2014 – Mist and Shadows 2014 – Tales From Otherworld 2014 – The Men of Otherworld 2015 – Men of Otherworld: Collection Two 2015 – Moon Swept 2016 – Earthbound Indigo Court-searje 2010 – Night Myst 2011 – Night Veil 2012 – Night Seeker 2013 – Night Vision 2014 – Night's End 2015 – Night Shivers (novelle) Fly by Night-searje 2014 – Flight from Hell (novelle) 2015 – Flight from Death 2016 – Flight from Mayhem Whisper Hollow-searje 2015 – Autumn Thorns 2016 – Shadow Silence 2020 – The Phantom Queen Fury Unbound-searje 2016 – Fury Rising 2016 – Fury's Magic 2017 – Fury Awakened 2017 – Fury Calling 2018 – Fury's Mantle Bewitching Bedlam-searje 2016 – Blood Vengeance (novelle) 2017 – Blood Music (novelle) 2017 – Bewitching Bedlam 2017 – Maudlin's Mayhem 2017 – Tiger Tails 2017 – Siren's Song 2017 – Witches Wild 2018 – Casting Curses 2018 – The Wish Factor 2019 – Bedlam Calling 2020 – Demon's Delight Wild Hunt-searje 2018 – The Silver Stag 2018 – Oak & Horns 2018 – Iron Bones 2018 – A Shadow of Crows 2019 – The Hallowed Hunt 2019 – The Silver Mist 2019 – Witching Hour 2019 – Witching Bones 2019 – A Sacred Magic 2019 – The Eternal Return 2020 – Sun Broken 2020 – Witching Moon 2020 – Autumn's Bane 2020 – Witching Time 2021 – Hunter's Moon 2021 – Witching Fire 2021 – Veil of Stars 2021 – Antlered Crown Moonshadow Bay-searje 2020 – Starlight Web 2021 – Midnight Web 2021 – Conjure Web 2021 – Harvest Web 2021 – Shadow Web 2022 – Weaver's Web 2022 – Crystal Web 2023 – Witch's Web 2023 – Cursed Web 2023 – Solstice Web 2024 – Dreamer's Web Hedge Dragon-searje 2022 – The Poisoned Forest 2022 – The Tangled Sky Night Queen-searje 2022 – Tattered Thorns 2023 – Shattered Spells 2023 – Fractured Flowers Magic Happens-searje 2022 – Shadow Magic 2023 – Charmed to Death Starlight Hollow-searje 2023 – Starlight Hollow 2023 – Starlight Dreams op harsels steande romans en novelles 2017 – Souljacker (roman) 2018 – The Longest Night (novelle)
Non-fiksje 1997 – Trancing the Witch's Wheel 1998 – Embracing the Moon 1999 – Dancing with the Sun 1999 – Tarot Journeys 2001 – Crafting the Body Divine 2003 – Sexual Ecstasy and the Divine 2003 – Magical Meditations 2004 – Totem Magic 2022 – Totem Magick
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2012Romantic Times Reviewers' Choice AwardwûnCareer Achievement Award (oeuvrepriis)hiele oeuvre
Keppelings om utens Offisjele webside fan Yasmine Galenorn
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk misdieskriuwer Kategory:Amerikaansk skriuwer fan romantyske fiksje Kategory:Amerikaansk horrorskriuwer Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Persoan berne yn 1961