Jeanne C. Stein (San Diego (Kalifornje), ±1960) is in Amerikaansk skriuwster fan fiksje dy't heart ta de literêre sjenres fan 'e fantasy, romantyk en horror. Hja is benammen bekend fan 'e Anna Strong-searje, dy't ta de urban fantasy heart. Tegearre mei har kollega Samantha Sommersby hat Stein ek ûnder it pseudonym S.J. Harper wurke.
Libben en karriêre Stein, dy't fan etnysk Dútsk komôf is, waard omtrint 1960 berne yn San Diego, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Dy stêd foarmet it dekôr foar de measten fan har boeken. Sels wennet se hjoed de dei lykwols yn Kolorado. Stein is aktyf yn 'e Amerikaanske skriuwersmienskip en is lid fan sawol de feriening Sisters in Crime, de Horror Writers of America as de Romance Writers of America. Yn har thússteat Kolorado heart se ta de Rocky Mountain Fiction Writers, dy't har yn 2008 útrôpen ta skriuwer fan it jier. Stein draacht fierders ek by oan 'e blochgroep Biting Edge.
Doe't Stein yn 2004 úteinsette mei in karriêre as skriuwster, slagge it har om yn 2006 har earste boek útjûn te krijen by ImaJinn Books, in lytse útjouwerij yn Kolorado. Dy roman wie The Becoming, it earste diel fan 'e Anna Strong-searje, oer in froulike preemjejager dy't ek fampier is. The Becoming waard in bestseller by de Amerikaanske boekhannelkeatling Barnes & Noble, en ek pleatslik yn San Diego en Denver. Stein krige doe al rillegau in kontrakt oanbean fan 'e nasjonale útjouwerij Berkley Books, dêr't har boeken sûnt útkomme by de ymprint Ace Books. De Anna Strong-rige ferskynt sûnt 2008 yn in Dútske en sûnt 2009 yn in Noarske oersetting. Tegearre mei har kollega-skriuwster Samantha Sommersby hat Stein ûnder it mienskiplike pseudonym S.J. Harper ek de Fallen Siren-searje publisearje.
Wurk Under de namme Jeanne C. Stein Eigen wurk de Anna Strong-searje 2004 – The Becoming 2006 – Blood Drive 2007 – The Watcher 2008 – Legacy 2009 – Retribution 2009 – The Ghost of Leadville (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing The Mammoth Book of Vampire Romance, Volume II) 2010 – Chosen 2011 – Blood Debt (novelle, yn 'e blomlêzing Hexed) 2011 – Crossroads 2012 – Haunted 2014 – Cloud City (novelle) 2013 – Blood Bond 2017 – Anna and the Vampire Prince (novelle) 2019 – Paradox op himsels steand wurk 2014 – Wonderland (novelle) 2018 – The Last Rider (mei Matt Koenen)
As redaktrise 2017 – Georgetown Haunts and Mysteries (mei Joshua Viola)
Under de namme S.J. Harper (mei Samantha Sommersby) de Fallen Siren-searje 2013 – Cursed 2014 – Captured (novelle en prequel fan 'e searje) 2014 – Reckoning 2015 – Forsaken
Keppelings om utens Offisjele webside fan Jeanne C. Stein
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk skriuwer fan romantyske fiksje Kategory:Amerikaansk blogger Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn de 20e iuw