S.J. Harper is in mienskiplik pseudonym fan twa Amerikaanske skriuwsters, Jeanne C. Stein en Samantha Sommersby. Dy troffen inoar op in stripkonvinsje yn San Diego en koene it goed fine troch in mienskiplike foarleafde foar fantasy, wyn en tillefyzjesearjes fan Joss Whedon. Hja besleaten tegearre in romanrige te skriuwen, de Fallen Siren-searje, dy't sawol ta urban fantasy as ta romantyske fiksje rekkene wurde kin.

Publisearre wurken de Fallen Siren-searje 2013 – Cursed 2014 – Captured (novelle en prequel fan 'e searje) 2014 – Reckoning 2015 – Forsaken

Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk skriuwer fan romantyske fiksje Kategory:Kollektyf pseudonym