Jennifer Ashley (yn 'e Feriene Steaten, 1974) is in Amerikaansk skriuwster fan fiksje dy't heart ta de literêre sjenres fan 'e fantasy, histoaryske fiksje, romantyk en detektiveroman. Hja makket ek gebrûk fan 'e pseudonimen Ashley Gardner, Laurien Gardner en Allyson James. Ashley har oeuvre omfiemet mear as fyftich romans, krapoan tweintich novelles en in grut tal koarte ferhalen. Yn 2007 wûn se de prestizjeuze RITA Award foar har histoaryske roman A Lady Raised High.

Libben en karriêre Ashley waard yn 1974 berne yn 'e Feriene Steaten. Hja hat in protte reizge, wêrûnder ienris fan San Francisco nei Japan op in frachtskip. Teffens hat se langere tiid om utens wenne, û.m. yn Japan en Jeropa, mar no hat se har mei har man en har kat nei wenjen set yn Phoenix, yn 'e súdwestlike Amerikaanske steat Arizona. Se hat in mastergraad yn Ingelske taal- en letterkunde. Yn 2002 sette se útein mei in karriêre as skriuwster. Har hobbys omfetsje, behalven skriuwen, lêzen, itensieden, kuierjen, it bespyljen fan 'e fluit en it gitaar, skilderjen en it bouwen fan poppehuzen.

Mei in oeuvre dat mear as tachtich titels omfiemet, is Jennifer Ashley op 't heden ien fan 'e meast foaroansteande romantykauteurs fan 'e Feriene Steaten. Behalven romantyk skriuwt se ûnder har eigen namme ek histoaryske romans en paranormal romance. Fierders skriuwt se ûnder it pseudonym Ashley Gardner detektiveromans en ûnder it pseudonym Allyson James paranormal romance en urban fantasy. Under de mienskiplike skûlnamme Laurien Gardner, dy't se dielt mei twa oare auteurs, hat se fierders de romantyske histoaryske roman (oer Anna Boleyn) A Lady Raised High skreaun, dêr't se yn 2007 yn 'e kategory bêste histoaryske roman de RITA Award mei wûn, de heechste Amerikaanske priis foar romantyske literatuer.

Oare bekende wurken fan Ashley binne de Highland Pleasures-searje (ek wol bekend as de Mackenzies-searje), de Shifters Unbound-searje en de Stormwalker-searje. Foar de roman The Madness of Lord Ian Mackenzie, út 'e Highland Pleasures-searje, wûn se yn 2009 de Romantic Times Reviewers' Choice Award yn 'e kategory meast ynnovative histoaryske roman. Yn 2012 waard se nominearre foar in RITA Award yn 'e kategory bêste histoaryske roman foar in oar diel út dyselde rige, mei as titel The Many Sins of Lord Cameron. Ashley har romans hawwe op 'e bestsellerlisten fan 'e kranten de New York Times en USA Today pronke, en binne oerset yn it Dútsk, Frânsk, Hongaarsk, Italjaansk, Japansk, Nederlânsk, Noarsk, Spaansk en Taisk

Wurk (hjirby giet it om romans, of it moat oars oanjûn wêze) Under de namme Jennifer Ashley Regency Pirates 2003 – The Pirate Next Door Nederlânske oersetting: Passie voor een Piraat (fert. Anna van Oijen, 2007) 2004 – The Pirate Hunter (ek wol bekend as The Pirate Hunter's Lady) Nederlânske oersetting: Een Veilige Haven (fert. Anna van Oijen, 2009) 2005 – The Care and Feeding of Pirates Nederlânske oersetting: Als Jij Me Verleidt (fert. P. van Dijck, 2009) Nvengaria 2006 – Penelope and Prince Charming 2006 – Mad Bad Duke 2008 – Highlander Ever After 2009 – The Longest Night (novelle, yn 'e blomlêzing A Christmas Ball) Highland Pleasures (ek bekend as Mackenzies of Mackenzies & McBrides) romans & novelles 2009 – The Madness of Lord Ian Mackenzie 2010 – Lady Isabella's Scandalous Marriage 2011 – The Many Sins of Lord Cameron 2012 – The Duke's Perfect Wife 2012 – Mackenzie Family Christmas (novelle, yn 2016 werpublisearre yn 'e blomlêzing A Kiss of Love and Dreams) 2012 – The Seduction of Elliot McBride 2013 – The Untamed Mackenzie (novelle) 2013 – The Wicked Deeds of Daniel Mackenzie 2014 – Scandal and the Duchess (novelle) 2014 – Rules for a Proper Governess 2015 – The Mackenzie Clan Gathering (novelle) 2015 – The Stolen Mackenzie Bride 2017 – Alec Mackenzie's Art of Seduction 2019 – The Devilish Lord Will 2019 – A Rogue Meets a Scandalous Lady 2019 – A Mackenzie Yuletide (novelle) 2020 – Fiona and the Three Wise Highlanders (novelle) 2021 – The Sinful Ways of Jamie Mackenzie omnibusedysjes 2015 – The Scandalous Mackenzies 2019 – A Mackenzie Clan Christmas (omnibus fan twa novelles) Shifters Unbound searje 2010 – Pride Mates 2011 – Shifter Made (novelle en prequel fan 'e searje) 2011 – Primal Bonds 2011 – Bodyguard (novelle) 2012 – Wild Cat 2012 – Mate Claimed 2013 – Hard Mated (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Dark and Dangerous) 2013 – Perfect Mate (novelle, yn 'e blomlêzing Unbound) 2013 – Lone Wolf (novelle) 2013 – Tiger Magic 2014 – Feral Heat (novelle) 2014 – Wild Wolf 2015 – Bear Attraction (novelle) 2015 – Mate Bond 2015 – Lion Eyes (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Dark and Damaged) 2015 – Bad Wolf (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Bad Boys of the Night) 2016 – Wild Things (novelle) 2016 – White Tiger 2016 – Guardian's Mate 2017 – Red Wolf 2018 – Midnight Wolf 2018 – Tiger Striped (novelle) 2018 – A Shifter Christmas Carol (novelle) 2020 – Iron Master 2021 – The Last Warrior 2022 – Tiger's Daughter omnibusedysjes 2013 – Shifters Unbound Boxed Set 2015 – Shifter Mates 2022 – Shifters Unbound Novellas Riding Hard 2015 – Adam 2015 – Grant 2015 – Carter (yn 2016 werpublisearre as ûnderdiel fan 'e romanomnibus Cowboys Do It Better) 2017 – Tyler 2017 – Snowbound in Starlight Bend (novelle) 2018 – Ross 2019 – Kyle 2019 – Ray 2022 – A Riverbend Christmas (novelle) 2023 – Hal Below Stairs Mystery 2015 – A Soupçon of Poison (novelle) 2018 – Death Below Stairs 2018 – Scandal Above Stairs 2019 – Death in Kew Gardens 2020 – Murder in the East End 2021 – Death at the Crystal Palace 2022 – The Secret of Bow Lane 2023 – The Price of Lemon Cake (novelle) 2024 – Speculations in Sin McLaughlin Brothers 2020 – This Changes Everything 2020 – Why Don't You Stay? ... Forever 2020 – Never Say Never 2020 – Give Me One Night Regency Bon Bons 2020 – Duke in Search of a Duchess 2021 – A Kiss for Luck 2022 – Along Came a Prince bydragen oan searjes dy't skreaun wurde troch ferskate auteurs Immortals 2007 – The Calling (diel 1) 2007 – The Gathering (diel 4) 2008 – The Redeeming (diel 5) 2009 – The Reckoning (diel 8, mei Joy Nash en Robin T. Popp) 2014 – Wolf Hunt (novelle) op harsels steande wurken 2002 – Perils of the Heart 2005 – Confessions of a Lingerie Addict 2005 – The Single Girl's Guide to Christmas (novelle, yn 'e blomlêzing Christmas Cards from the Edge) 2006 – Viva Las Vampires (novelle, yn 'e blomlêzing Just One Sip) 2007 – The Queen's Handmaiden

Under de namme Ashley Gardner Captain Lacey romans & novelles 2003 – The Hanover Square Affair 2004 – A Regimental Murder 2004 – The Glass House 2005 – The Sudbury School Murders 2005 – A Body in Berkley Square 2006 – A Covent Garden Mystery 2011 – A Death in Norfolk 2013 – A Disappearance in Drury Lane 2014 – Murder in Grosvenor Square 2015 – The Thames River Murders 2015 – A Matter of Honor (novelle, yn 'e blomlêzing Murder Most Historical) 2016 – The Alexandria Affair 2017 – A Mystery at Carlton House 2018 – Murder in St. Giles 2019 – Death at Brighton Pavilion 2020 – The Custom House Murders 2022 – Murder in the Eternal City ferhalebondels 2011 – The Gentleman's Walking Stick 2011 – The Necklace Affair omnibusedysjes 2012 – Captain Lacey Regency Mysteries Volume I (omnibus) 2013 – Captain Lacey Regency Mysteries Volume II (omnibus) 2015 – Captain Lacey Regency Mysteries Volume III (omnibus) Leonidas the Gladiator Mysteries 2017 – Blood Debts (novelle) 2020 – Blood of a Gladiator 2022 – A Gladiator's Tale 2023 – The Ring That Ceasar Wore op harsels steande ferhalebondels 2015 – Murder Most Historical 2017 – Past Crimes

Under de namme Laurien Gardner Tudor Women 2006 – A Lady Raised High: A Novel of Anne Boleyn (Laurien Gardner is in kollektyf pseudonym; sjoch dêre foar mear boeken, skreaun troch oare auteurs)

Under de namme Allyson James Dragon 2007 – Dragon Heat 2007 – The Black Dragon 2008 – The Dragon Master Stormwalker 2009 – A Little Night Magic (koart ferhaal) 2010 – Stormwalker 2010 – Firewalker 2011 – Double Hexed (novelle, yn 'e blomlêzing Hexed; los publisearre yn 2014) 2011 – Shadow Walker 2012 – Nightwalker 2016 – Dreamwalker 2018 – Dragon Bites op harsels steande wurken 2010 – Mortal Sensations (koart ferhaal)

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2006Romantic Times Reviewers' Choice Awardwûnbêste histoaryske romantyske aventoereroman Penelope and Prince Charming2007RITA Awardwûnbêste histoaryske romanA Lady Raised High: A Novel of Anne Boleyn2009All About Romance Reader Awardwûnmeast pinige heldThe Madness of Lord Ian Mackenziewûnbêste histoaryske roman dy't spilet yn Grut-BrittanjeThe Madness of Lord Ian Mackenziewûnbêste leafdessênes yn in mainstream-romanThe Madness of Lord Ian Mackenziewûnbêste romanThe Madness of Lord Ian MackenzieRomantic Times Reviewers' Choice Awardwûnmeast ynnovative histoaryske romanThe Madness of Lord Ian Mackenzie2012RITA Awardnominearrebêste histoaryske roman The Many Sins of Lord Cameron

Keppelings om utens Offisjele webside fan Jennifer Ashley

Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk misdieskriuwer Kategory:Amerikaansk skriuwer fan romantyske fiksje Kategory:Amerikaansk skriuwer fan histoaryske fiksje