Rechabeäm (Hebriuwsk: רְחַבְעָם) regearre neffens it Alde Testamint de earste kening fan it keninkryk Juda. Neffens de bibelboeken 1 Keningen en 2 Kroniken wie Rechabeäm ynearsten kening fan it Feriene Keninkryk fan Israel, mar nei't de tsien noardlike stammen fan Israel yn opstân kamen en it ûnôfhinklike Keninkryk Israel stiften, bleau Rechabeäm allinnich hearsker oer Juda. Syn regear wurdt op it tiidrek 922 oant 915 f.Kr. rûsd.

Libben Rechabeäm wie de soan en opfolger fan kening Salomo en de pakesizzer fan kening David, syn mem wie de Ammonityske Naäma. Nei de dea fan syn heit slagge it Rechabeäm net om de ienheid fan it keninkryk te bewarjen. De klacht wie dat it rezjym fan Salomo te swier west hie, mar Rechabeäm woe gjin tasizzingen dwaan om it wat lichter te meitsjen, ek al hiene de âldsten him de rie jûn om it folk yn 'e mjitte te kommen. Dat late ta de spjalting fan it joadske ryk. Op syn eigen stamme Juda en de stamme Benjamin nei, keazen alle oare stammen foar Jerobeäm as kening fan it keninkryk Israel. thumb|left|Nei de dea fan Salomo yn 926 f.Kr. kaam der in ein oan it Feriene Keninkryk fan Israel. It ryk waard ferdield yn it troch Jerobeäm I regearre noardlike keninkryk Israel (blau) mei de haadstêd Samaría en it troch Rechabeäm reagearre súdlike keninkryk Juda (giel) mei de haadstêd Jeruzalim. Doe't Rechabeäm syn posysje konsolidearre hie, naam er it net mear sa krekt mear mei de wet fan 'e Heare. It folk sûndige mear as ea tefoarren en it tilde op fan de plakken dêr't offere waard oan frjemde goaden (1 Keningen 14:23). Sa koe it langer net en yn it fyfte jier fan Rechabeäms regear strafte God Juda mei in ynfal fan farao Sjisjak. De farao liet de skatten út 'e timpel en it paleis weihelje en ek de gouden skylden naam er mei. Om't Rechabeäm lang om let dochs noch om lyk woe en him foar God feroatmoedige, liet God Jeruzalim net hielendal ûndergean (1 Keningen 14:25; 2 Kroniken 12).

Rechabeäm hie achttjin frouwen en sechtich byfrouwen, mar Maäka, in dochter fan Absalom, hie de kening boppe alles leaf. Hy sette achtentachtich bern oan, wêrfan 28 soannen en 60 dochters.

Rechabeäm wie ienenfjirtich jier doe't er kening waard; hy regearde sântjin jier fanút Jeruzalim oer Juda. Under syn regear wie der algeduerich kriich tusken Juda en Israel. Syn soan Abía folge him op.

Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Kening fan Juda Kategory:Lid fan it Israelityske keningshûs Kategory:Persoan berne yn de 10e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 10e iuw f.Kr.