C-17 Globemaster III 275px Rol Strategysk en taktysk transportfleantúch Makker McDonnell Douglas, Boeing Untwerper Earste flecht 15 septimber 1991 Yn tsjinst 17 jannewaris 1995 Ut tsjinst yn tsjinst Tal makke 279 (1991–2015) Grutste brûkers United States Air Force, Royal Air Force, Royal Australian Air Force, Indian Air Force Untwikkele út McDonnell Douglas YC-15

De Boeing C-17 Globemaster III is in Amerikaansk strategysk transportfleantúch, boud troch Boeing Integrated Defense Systems, dat tsjinnet by de US Air Force, Royal Air Force, Royal Australian Air Force, Canadian Forces Air Command en Qatar Air Force. It waard ûntwurpen as ferfanger fan de Lockheed C-141 Starlifter en om in tal taken fan de Lockheed C-5 Galaxy oer te nimmen. De C-17 krige syn namme fan twa eardere swiere transoportfleanmasines mei sûgermotors, de C-74 Globemaster en de C-124 Globemaster II.

In rige lannen (de NAFO-leden Nederlân, Bulgarije, Denemarken, Estlân, Hongarije, Italië, Letlân, Litouwen, Noarwegen, Poalen, Roemenië, Slovenië, Slowakije, Tsjechië en de Feriene Steaten, teffens Finlân en Sweden) hawwe meiïnoar yn 2009 trije C-17 Globemaster III's oankocht ûnder de neamer Strategic Airlift Capability. Sy binne stasjonearre op de loftmachtbasis Pápa yn Hongarije. Nederlân is in grutte brûker mei mear as 500 fleanoeren. Op 14 july 2009 waard it earste tastel ôflevere; de oare twa folgen yn it neijier.

Mei de C-17 Globemaster III is in flugge strategyske levering fan troepen en materialen fan en nei in haadbasis of nei in foarútskode basis mooglik. It tastel is grut genôch om in Chinook-helikopter te ferfieren. Hy is ek by taktysk ferfier fan bygelyks ferwûnen te brûken en ek foar loftdroppingen.

De C-17 is ûntwurpen om fan fleanfjilden mei koarte en smalle banen (1.064 m. / 27 m.) te operearjen. Fierders kin er brûkt wurde op net-befluorre en rûge banen.

Spesifikaasjes thumb|Cockpit fan in Boeing C-17A Globemaster III thumb|C-17 by it 'tladen fan helpguod nei de Orkaan Katrina thumb|In C-17 fan de 446th Airlift Wing giet de loft yn (Fort Bragg) Spesifikaasjes GegevensClaudio Müller, Flugzeuge der Welt 2008. Motorbuch Verlag, Stuttgart2008. ISBN=978-3-613-02847-0 Lingte 53,04 m Spanwiidte 50,29 m Fleugeloerflak 353,0 m² Oerflakbelêsting fleugel minimaal (leech): 346 kg/m² maksimaal (maks. startgewicht): 745 kg/m² Hichte 16,79 m Frachtromte (L × B × H) 26,82 m × 5,49 m × 3,76 m Gewicht leech 122.016 kg Maks. startgewicht 263.083 kg Maks. lading 77.519 kg Maks. brânstofkapasiteit 134.556 l Krúsfaasje 818 km/o (op 10.975 m) 650 km/o (op seenivo) Tsjinstplafond 13.716 m Fleanberik sa'n 5.100 km (mei 49.895 kg lading) 4.450 km (mei maks. lading) Fleanberik mei ekstra brânstof 11.575 km (ferzje C-17A "ER") mei bytanken yn de loft gjin limyt Oandriuwing 4 Pratt & Whitney F117-PW-100-Turbofans fan 185,55 kN it stik Driuwkrêft-gewicht ferhâlding maks. (leech): 0,62 minimaal (maks. startgewicht): 0,29 Cockpit 2 Head-Up-Displays, Fly-by-wire-systeem Bemanning kommandant, ko-piloat, laadmaster

Kategory:Amerikaanske transportfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1991