Rhens is in stêd yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It leit yn 'e lânkring Mayen-Koblenz. Rhens hat in befolking fan likernôch 3.000 ynwenners (2022).

Sûnt 2002 heart Rhens ta it UNESCO-wrâlderfskip Boppe Middenryndelte.

It besjen wurdich De Königsstuhl, it plak dêr't sûnt 1273 de Dútske karfoarsten by inoar kamen om in kening te kiezen. De Scharfer Turm stiet fuort oan de Ryn en datearret út 1396. Oarspronklik in toltoer, letter in finzenis. Yn 1645-1646 waarden hjir heksen fêstholen en foltere. Tsjintwurdich is it in gebou dêr't útstallings organisearrre wurde. It Rathaus oan it Marktplatz: it ûnderste diel stamt út likernôch 1500, de twadde ferdjipping mei de gevel út ca. 1600. It histoaryske sintrum fan Rhens mei tal fan fakwurkhuzen. De stedsmuorre mei poarten. De 11e iuwske Dionysiuskirche mei in barok ynterieur. De 19e iuwske neogotyske Theresiakirche út 1906-1908. It Deutsches Haus waard yn de jierren 1566–1570 boud. Grut fakwurkhûs, dat oan in âlde poarte is boud.

Ofbylden

Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts