De Noardatapaskyske talen of Noardatabaskyske talen foarmje in taalgroep binnen de gruttere Atapaskyske kloft fan 'e Na-Dené-taalfamylje. Dizze talen wurde sprutsen troch sa'n 28.000 leden fan Yndiaanske folken yn 'e Amerikaanske steat Alaska en it noardwestlike diel fan Kanada. De grutste taal fan dizze groep is it Tsjippewaien, fan noardwestlik Kanada, mei 12.000 sprekkers. Dyselde taal hat kwa oerflak it grutste ferspriedingsgebiet fan alle Yndiaanske talen yn Noard-Amearika.

Underferdieling N.B.: de Noardatapaskyske talen wurde ornaris foar de oersichtlikheid yndield yn ferskate subgroepen, dy't lykwols inkeld op basis fan geografy gearstald binne, en neat sizze oer de ûnderlinge besibskip fan 'e oangeande talen.

Noardatapaskyske talen Súdalaskaanske subgroep Aatna (Ahtna) Tanaina (Tanaina, Kenaitze, Dena’ina) Middenalaskaansk-Yukoneeske subgroep Hên (Han, Hän) Holikatsjûk (Holikachuk) Ingalik (Ingalik, Deg Xinag, Deg Hit’an) Kojûkon (Koyukon, Ten’a) Kûtsjin (Kutchin, Gwich’in) Neder-Tanana (Lower Tanana) Noardlik Tûtsjone (Northern Tutchone) Opper-Kuskowim (Upper-Kuskokwim, Kolchan) Opper-Tanana (Upper Tanana) Súdlik Tûtsjone (Southern Tutchone) Tanakros (Tanacross) Noardwestkanadeeske subgroep Dûnneza (Dunneza, Beaver) Sekany (Sekani) Slavy-Tsjippewaien Hûneribsk (Dogrib, Tłįchǫ) Noardlik Slavy of Satû (Northern Slavey, Sahtu) Súdlik Slavy (Southern Slavey) Tsjippewaien (Chipewyan, Dëne Sųłiné) Taaltan-Tagisj-Kaska Kaska (Kaska, Nahanni) Taaltan (Tahltan, Nahanni) Tagisj (Tagish) Tsetsaut-subgroep (oer dizze taal is mar sa'n bytsje bekend dat er ornaris yn in eigen subgroepke pleatst wurdt) Tsetsaut Sintraal Britsk-Kolumbiaanske subgroep Babiin-Witsûwitten (Babine-Witsuwit’en) Dragersk (Carrier, Dakelh) Tsjilkotin (Chilcotin, Tsilhqot’in) Nikola (Nicola) Flakte-subgroep Sarsy (Sarcee, Tsuu T’ina) Kwalhiokwa-Klatskany-subgroep (fan it Kwalhiokwa-Klatskany soe men sizze kinne dat it eins út geografyske omtinkens diel út heart te meitsjen fan 'e Pasifysk-Atapaskyske taalgroep, mar it hat taalkundich marzjinaal mear gemien mei de Noardatapaskyske talen as mei de Pasifysk-Atapaskyske talen. Sadwaande foarmet it in soarte fan brêge tusken dy beide taalgroepen.) Kwalhiokwa-Klatskany

Kategory:Atapaskyske talen