De Pasifysk-Atapaskyske talen of Pasifysk-Atabaskyske talen foarmje in taalgroep binnen de gruttere Atapaskyske kloft fan 'e Na-Dené-taalfamylje. Dizze talen waarden foarhinne sprutsen troch de leden fan Yndiaanske folken dy't by de Pasifyske kust fan Oregon en noardlik Kalifornje lâns wennen. Tsjintwurdich binne de Pasifysk-Atapaskyske talen lykwols allegear útstoarn of sa goed as útstoarn. Inkeld it Hûpa hie yn 2012 noch ien memmetaalsprekker.

Underferdieling N.B.: de Pasifysk-Atapaskyske talen wurde ornaris foar de oersichtlikheid yndield yn twa subgroepen, dy't lykwols inkeld op basis fan geografy gearstald binne, en neat sizze oer de ûnderlinge besibskip fan 'e oangeande talen.

Pasifysk-Atapaskyske talen Kalifornyske subgroep Hûpa (Hoopa) Kato (Cahto) Mattole (Bear River) Wailaky (Eel River) Oregoneeske subgroep Galiis (Galice) Kokiil-Tûtûtny (Coquille-Tututni) Opper-Umpkwa (Upper Umpqua) Tolowa (Smith River)

Kategory:Atapaskyske talen