Sherburne F. Cook (folút: Sherburne Friend Cook; Springfield (Massachusetts), 31 desimber 1896 – Monterey (Kalifornje), 7 novimber 1974) wie in foaroansteand Amerikaansk fysiolooch dy't heechlearaar yn dy stúdzjerjochting wie oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley. Dêrnjonken wied er ek aktyf as antropolooch, argeolooch, skiedkundige en etnolooch.

Libben en karriêre Cook waard yn 1896 berne yn Springfield, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts. Hy studearre fysiology oan 'e Universiteit fan Harvard, yn Cambridge yn Massachusetts, en tsjinne ûnder de Earste Wrâldoarloch oan it Westfront yn Frankryk. Yn 1925 behelle Cook syn doktoraat mei it proefskrift The Toxicity of the Heavy Metals in Relation to Respiration ("De Giftigens fan 'e Swiere Metalen mei Betrekking ta it Sykheljen"). Fan 1928 ôf wied er heechlearaar oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley.

Behalven op 'e fysiology lei Cook him ek ta op 'e stúdzjes fan 'e antropology, folkekunde en skiedkunde. Dêrby konsintrearre er him op 'e prekoloniale skiednis fan Kalifornje. Hy kearde ferskate kearen werom nei it probleem fan it skatten fan 'e prekoloniale befolkingsgrutte fan 'e ûnderskate etnyske groepen fan 'e lânseigen Yndianen, wêrmei't er it wurk fan Alfred L. Kroeber fuortsette. Ek besocht er it tempo en de redens te efterheljen foar de ynkrimping fan 'e Yndiaanske befolking, en teffens ferdjippe er him yn 'e prekoloniale kultueren fan Meksiko.

Cook syn skattings fan 'e Yndiaanske befolkingsgrutte wiene oer it algemien oansjenlik heger as de skattings fan oare wittenskippers, en datoangeande is er dan ek net oan krityk fan syn kollega's ûntkomd. Fierders wied er in pionier op it mêd fan fjildmetoaden en kwantitative analyze yn 'e argeology. Cook gie yn 1966 mei pinsjoen, mar wurke ek dêrnei noch troch. Hy ferstoar yn 1974, yn 'e âlderdom fan 77 jier, yn Monterey, yn Kalifornje. Syn bekendste wurk is The Population of California Indians, 1769-1970, dat twa jier nei syn dea postúm publisearre waard.

Wurk (in kar) 1925 – The Toxicity of the Heavy Metals in Relation to Respiration (proefskrift) 1935 – The Extent and Significance of Disease among the Indians of Baja California 1948 – The Population of Central Mexico in the Sixteenth Century 1971-1979 – Essays in Population History 1971-1979 (3 dielen, mei Woodrow Borah) 1976 – The Conflict between the California Indians and White Civilization 1976 – The Population of the California Indians, 1769-1970

Kategory:Amerikaansk soldaat Kategory:Amerikaansk militêr yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Amerikaansk fysiolooch Kategory:Amerikaansk antropolooch Kategory:Amerikaansk archeolooch Kategory:Amerikaansk skiedkundige Kategory:Amerikaansk etnolooch Kategory:Amerikaansk etnograaf Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk heechlearaar Kategory:Persoan berne yn 1896 Kategory:Persoan stoarn yn 1974